Buenos Aires (Spaansk foar: moaie loften ek wol geunstige winen) is de haadstêd fan Argentynje. It is ek it ekonomyske en kulturele sintrum fan it lân.

Buenos Aires
Bestjoer
Lân Argentynje
Sifers
Ynwennertal 2.890.151 (2010)
Oerflak 203 km²
Befolkingsticht. 14.000 km²
Hichte 25 m
Oar
Stifting 1536/1580
Tiidsône ART (UTC-3)
Koördinaten 34° 36' SB, 58° 23' WL
Offisjele webside
www.buenosaires.gob.ar
NASA-satellietbyld fan de Río de la Plata, mei Gran Buenos Aires oan de rjochterside
De Avenida Roque Sáenz Peña mei de Obelisk fan Buenos Aires yn de fierte

Buenos Aires wurdt sawat folslein omsletten troch de provinsje Buenos Aires, mar makket sels net diel derfan út. De stêd foarmet in federaal distrikt en falt bûten de provinsjale yndieling fan Argentynje.

Troch it grutte tal winkels en boetyks, de arsjitektuer, it kulturele libben, restaurants en har kosmopolityske befolking fan meast Italjaanske, Spaanske, Frânske, Dútske, Ingelske, East-Europeeske, Arabyske en Aziatyske komôf, stiet Buenos Aires ek bekend as it Parys fan it suden. Alhoewol't de stêd in protte fan syn grandeur fan eartiids ferlern hat troch ekonomyske problemen, hat de stêd fan alle Súd-Amearikaanske stêden it meast wei fan in Jeropeeske stêd. De stêd belibbe in gouden tiid tusken 1880 en 1920, doe't Argentynje by de tsien wolfearendste lannen fan de wrâld hearde en Buenos Aires in protte ymmigranten út Jeropa luts.

 
Klimaat Buenos Aires

Buenos Aires hat in evenredich klimaat, mei in trochsneed temperatuer fan 17,5 °C. De trochsneed delslach leit it hiele jier op om-ende-by 1200 millimeter.

Jannewaris is de waarmste moanne fan it jier mei in trochsneed fan 24,5 °C,(maks.40+) wylst it kwik midden yn de winter, yn july, oant 11,1 °C trochstrings daalt. De simmermoannen binne nochal waarm en near. In protte porteños ferlitte de stêd yn jannewaris en febrewaris. Sy gean dan nei de kust of de bergen foar in fakânsje. De wintermoannen binne fochtich, mar net bot kâld.

 
Tekening fan de earste delsetting, ûntstien yn 1536

De earste Jeropeeske seefearder dy't tichtby Buenos Aires fuot oan wâl sette, wie de Spanjert Juan Díaz de Solís yn 1516. Hy neamde de grutte rivier dy't hy tsjinkaam de Mar Dulce (swiete see). Twentich jierren letter waard troch Pedro de Mendoza yn dat gebiet de earste delsetting stifte, Santa Maria del Buen Aire. Troch oanhâldend ferset fan fijânlike Yndianen moasten de Spanjerts inkele jierren letter de koloanje ferpleatsen nei Asunción yn Paraguay De hynders en oare bisten dy't de Spanjerts dêr efter litten wurde foarmen de grûnslach foar de Argentynske feehâlderij, tsjintwurdich de wichtichste ekonomyske sektor fan it lân. Yn 1580 ûntstie lang om let in permaninte festiging doe in kloft kolonisten nei de omkrite weromkamen. De stêd bleau goed twahûndert jierren lang in ûnbelangryk stee.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Buenos Aires