It Súd is in buorskip oan de súdkant fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân. De namme komt ek foar as Zuidereind en 't Zuyd End. Eastlik leit de Suderheide

It Súd oan de dyk fan Drachten nei Beetstersweach

De buorskip ûntstie yn de 17e iuw. Om 1700 komt er foar as t Zuyd End, yn 1776 as Het Zuid, yn 1843 as 't Zuidend en yn 1853 as Zuidereind. Yn de 18e iuw wie it Suderein in dearinnend paad en in iuw letter in dearinnende wei. Yn 1854 waard de wei trochlutsen oer Olterterp nei Beetstersweach en waard er part fan de wei fan Drachten oer de Gordyk nei It Hearrenfean.

De buorskip krige doe in tolhûs. Der waard oant 1929 tol heft. Yn 1887 waard der in tramspoar njonken de dyk oanlein, part fan de tramwei fan Drachten nei It Hearrenfean. De tram ried oant koart nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1942 waard de wei dêr't de buorskip oan leit omneamd fan Zuidereind nei Het Zuid, It Súd. Op 3 febrewaris 1945 waard de tram op It Súd besketten troch in alliearde jachtfleanmasine. Sân minsken ferlearen it libben en der rekken in protte ferwûne[1].

It Súd hat ûnder mear in túnsintrum en it hospice Smelnehaven.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Drachtster Krante, 13 maaie 2020, Drama uit de vergetelheid
  Wiken en buerten yn Drachten  
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
  ·   ·  
  Smellingerlân  
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
  ·   ·