Burmaniapark
Burmaniapark is in nijbouwyk yn Drachten, noardlik fan de rest fan Drachten. De wyk is neamd nei de âlde Fryske adel mei de achternamme Burmania.
De wyk leit flakby de N31, de autowei dy't Ljouwert en Drachten mei elkoar ferbynt. Tusken de N31 en Burmaniapark binne al plannen foar de nije wenwyk Frijburgh.
Burmaniapark is foar it grutste part bewenne en oan de râne fan de wyk steane in pear bedriuwen. Der binne gjin winkels yn de wyk, foar de boadskippen is it tichtbylizzende winkelsintrum Noarderpoarte. Der is ek gjin basisûnderwiis yn de wyk. De skoallen steane yn de wyk De Folgeren.
Strjitten yn de wyk binne neamd nei edelstiennen:
De wyk is op twa plakken tagonklik, nammentlik troch de strjitte Nytap of de Kletserleane. Beide tagongswegen lizze oan de Jade, wêrtroch't dizze strjitte ek de ienichste tagongswei is nei de oare strjitten fan de wyk. Oan de Jade steane ek de measte bedriuwspannen.
Oan de Smaragd stiet in keunstwurk. It stelt in rôze beam fan stielenbuizen foar. Boppe yn de 'tûken' fan de beam sitte mooltsjes dy yn beweging brocht wurde troch de wyn.
Wiken en buerten yn Drachten | ||
---|---|---|
Wiken: De Bouwen • Burmaniapark • Drachten East • Drachten Noardeast • Drachten Sintrum • Drachten Súd • Drachtster Feart • De Drait • Finnepark • De Folgeren (wenwyk) • Frijburch • Himsterhout • Moarrepark • Pappegaaiebuert • Park Suyderwijk • De Peppel • De Sâning • De Singels • De Swetten • De Trisken • De Venen • De Wiken | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • De Folgeren • Noarderein • It Súd • Suderheide | ||
· · |