De Peppel is in lytse wenwyk yn Drachten.

Wenwyk De Peppel

Se leit ynklamme tusken de Gauke Boelenstrjitte, T. Wagenaarstrjitte, Suderhegewei en it Mûnein. It is ien fan de saneamde 'ynwreidingslokaasjes' fan Drachten. Eartiids sieten op it plak it Kijlstra betonfabryk en in sportpark. It bedriuw is yn de jierren '70 ferhuze nei bedriuwenterrein Tuskendjippen. Ein jierren '80 makke de gemeente Smellingerlân in wenningbouplan foar dat gebiet. Neffens de sketsen koenen op it terrein sa'n 250 wenningen komme.

Tusken 1992 en 1994 waard de wyk boud. Der kamen rychjeshuzen, twa ûnder-ien-kapen en frijsteande wenningen. Neffens guon kritisy binne de huzen te ticht opelkoar boud, mei fan gefolgen in wyk mei in soad stien en beton en net folle iepenbier grien.

De wyk hat gjin skoallen en winkels omdat it sintrum mei winkels en alle fierdere foarsjennings tichtby is.

Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
· · Berjocht bewurkje