De Rottefalle

De Rottefalle is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeastlik fan Drachten. It doarp hat likernôch 1.345 ynwenners (2019).

De Rottefalle
Map NL Smellingerlân Rottefalle.png Doarpsgebiet fan De Rottefalle yn de gemeente Smellingerlân
Flagge Wapen
Rottevalle vlag.svg De Rottefalle wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 1.405 (2021) [1]
Oerflak Oerflak = 6,43 km², wêrfan:
lân: 5,74 km²
wetter: 0,69 km²
Befolkingstichtens 272 ynw./km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Smallingerland flag.svg Smellingerlân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 6° 06' E
Webside Side fan De Rottefalle

De Rottefalle is yn de 17e iuw ûntstien as feankoloanje. Oant 1943 lei de Rottefalle yn trije gemeenten: Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Yn 1953 waard it útroppen ta 'foarbylddoarp' (mei Kerkhoven yn Noard-Brabân), neidat de Rykslânboufoarljochtingstsjinst mei demonstraasje proeffjildsjes, foarbyldperselen en foarbyldbedriuwen de agraryske bedriuwsfiering besocht hie te ferbetterjen. Yn 1956 waarden ek ferbetteringsplannen foar de omkriten fan it doarp opset.[2] As foarbylddoarp foar de ruilferkaveling wurdt Rottevalle neamd yn de Kanon fan Fryslân.

Op it begraafplak stiet ien fan de goed sechstich klokkestuollen yn Fryslân.

De Rottefalle hat syn namme te danken oan in Jan Rateller, ek wol Jan Rot neamd. Hy liet ferskiedene fearten grave, wêrûnde ’t Vallata. Skippers neamden it “de Rot syn fal”.

MienskipBewurkje

Doarpskrantsje It Slûske ferskynt sân kear yn 't jier. De feestkommisje organisearret om de trije jier in skoalle- en doarpsfeest. It doarp hat in buertferiening "Brouwersgrêft". It Hagehiem is it sportkompleks fan 'e Rottefalle. Yn it âldste hûs fan Smellingerlân is it pân Havenwei 15.

TsjerkenBewurkje

Yn 'e Rottefalle stiet in grifformearde (PKN), in minniste- en de âlde herfoarme tsjerke.

 
Doarpstsjerke fan De Rottefalle
  De Wikipedy hat ek in side Doarpstsjerke (De Rottefalle). (of eardere herfoarme tsjerke)
  De Wikipedy hat ek in side Protestanske tsjerke fan De Rottefalle. (of eardere grifformearde tsjerke)
  De Wikipedy hat ek in side Minnistetsjerke (De Rottefalle).

FerieningsBewurkje

  • Polyphonia - muzyk
  • Chr. Brassband De Bazuin
  • De Piipegaeltsje Sjongers - shanty
  • The Ro’Hawks - country dûnsjen
  • Toanielselskip “De Rottefalle”
  • 't Slappe Keutje - biljerten
  • De Lits - darten
  • Wêz Handich - gymnastyk, kuorbal, tennis, folleybal
  • De Leien - wettersport
  • Fuotbalferiening De Rottefalle
  • iisclub De Rottefalle
  • De Roch - dûken
  • Begraffenisferiening De Laatste Eer, sûnt 1911
  • Toanielferiening 'Wêz Handich' (fan kuorbalferiening 'Wêz Handich')

SkoalleBewurkje

 
It Werflân

Sûnt augustus 2016 binne de kristlike en iepenbiere basisskoalle 'De Finne' en 'Yn 'e Mande' as gearwurkingsskoalle tegearre gien. De skoalle is ûnderbrocht yn it yn 2017 iepene multyfunksjonele gebou 'It Werflân', dêr't ek it doarpshûs, it pjutteboartersplak en de jongereinsoas yn sitte.

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2012 2021
Ynwenners 952 939 986 997 1.031 1.320 1.380 1.362 1.405

Berne op 'e RottefalleBewurkje

StrjittenBewurkje

 
Haven fan De Rottefalle
 
De Buorren
  • Ald Daam - Alde namme foar inkele huzen ten easten fan De Boppeste. De eigeners op it boppewetter hawwe yn ± 1813 in daam lein op it plak fan it Boppester Fallaat.
  • Ambachtsloane - It earste wen/wurkgebiet fan 'e Rottevalle realisearre yn it oanloopgebiet nei it doarp ta.
  • Arendswyk - nei de wyk fan in man mei de namme Arend
  • Bildreed - sânpaad oer 'bild' dat hjir bollizzend lân betsjut, mooglik út De Leien opspield.
  • Bildwei - Dit is it diel fan de Buorren oant de grins fan Tytsjerksteradiel. In âlde benaming is it ‘kattegat'
  • Brouwersgrêft - rint fan kafetaria De Lits (eartiids Brouwershoeke) oant de Bildwei.
  • Buorren - eardere haadstrjitte fan it doarp
  • De Boppeste - Dit is fanâlds bekend as “de Boppeste Rottefalle”.
  • De Bosk - Alde namme foar it hoekje, dêr't in pear huzen steane, ten westen fan de Rydwei. Eartiidsk hat hjir bosk west. No is der noch it “Hedzerboskje” ûnder De Pein.
  • De Fintsjes - âlde namme foar de stikjes lân dy't ûngefear op it plak leinen dêr't no dizze strjitte leit.
  • De Houtkamp - Heech lizzend stik lân oan de Lits dat troch in Harmen J. de Jong, skipper en houtkeapman út 'e Rottefalle († 1882) brûkt waard as opslachplak foar hout om dit letter per skip te ferfieren.
  • Efterwei - Besteande âlde namme, grif omdat dizze wei bûten it doarp leit.
  • Foudenswei - De Foudenslannen wienen stikken lân dy't eigendom wienen fan de fouden
  • Haven - Hjir wie earder de oersslach foar de skipfeart.
  • Havenwei - ferbiningswei fan de Bildwei nei de Haven.
  • Hegedoar - âlde beneaming, komt al yn de 17e iuw foar. Komôf net bekend.
  • Heidbuorren - De âlde namme foar it fan west nei east rinnende diel fan de bocht oant de âlde bysûndere skoalle. Bestie as wei al om 1850 hinne. Op in âlde kadasterkaart oantsjutten as heidebuert.
  • Houtigehaachstwei - rint fan de Foudenswei nei De Houtigehage.
  • Kompanjonswei - neamd nei de “Compagnons der Rottevalster Vaarten en het Vallaat”.
  • Master de Vrieswei - master De Vries wie ûnderwizer fan 1894 - 1935 en in foaroansteand Rottefalster.
  • Master Dijkstrawei - Master Dijkstra wie fan 1901 - 1934 haad fan de kristlike skoalle op 'e Rottefalle.
  • Master Keuningwei - Master Heine Keuning hat in soad foar it doarp betsjutten. Hy wie Steatelid en Twadde Keamerlid en die war foar it Frysk. Sa stie hy oan de widze fan de twatalige skoalle.
  • Master Kuiperswei - Jan Kuipers wie in bekend persoan dy't fan 1877 - 1916 haad fan de iepenbiere skoalle wie op 'e Rottevalle.
  • Mûnein - leit yn it ferlingde fan de haven en oan de Lits. Is neamd nei de âlde standertmûne dy't hjir earder stie.
  • Muldersplein - Jan Mulders, earder postkantoarhâlder, hat in soad foar it ferieningslibben betsjutten. Hy hat ek jierrenlang wethâlder fan Achtkarspelen west.
  • Mûntsgroppe - Dit is de skieiding tusken Buwe-Kleaster en Eastermar-Wytfean. Is mooglik oanlein troch de mûntsen fan it Buwekleaster yn Achtkarspelen en it kleaster fan Smalle Ie.
  • Nije Buorren - ferbiningswei tusken Buorren en Kompagnonswei.
  • Rydwei - namme waard al yn de 17e iuw brûkt foar it ferlingde fan de Efterwei rjochting Nijtap.
  • Skeanpaad - âld ferbiningspaad tusken de Buorren en Foudenswei.

Iepenbier ferfierBewurkje

Buslinen fan ferfierder Qbuzz:

BouwurkenBewurkje

Bylden op 'e RottefalleBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Rottevalle.

 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren