Aldeberkeap of Berkeap (Nederlânsk: Oldeberkoop, Stellingwerfsk: Berkoop) is in brinkdoarp yn 'e gemeente Eaststellingwerf. It doarp leit by it krúspunt fan de N351 mei de N353 yn it lân fan de Tsjonger en de Linde. Under it doarp falle ek de buorskippen Bekhof en Deddingabuert.

Aldeberkeap
Bonifatiustsjerke
Bonifatiustsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 1.535 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 18,34 km², wêrfan:
- lân: 18,24 km²
- wetter: 0,09 km²
Befolkingsticht. 85 ynw./km²
Oar
Koördinaten 52° 56' N 6° 8' E
Lokaasje Aldeberkeap (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Lokaasje Aldeberkeap (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Offisjele webside
oldeberkoop.nl
Kaart
Aldeberkeap (Fryslân)
Aldeberkeap

Aldeberkeap hat 1.535 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It âlde doarp is ûntstien op de sânrêgen tusken de Linde en de Tsjonger. Berkeap is ien fan de âldste doarpen fan súdeast-Fryslân.

It doarp wurdt al yn 1228 neamd as de Fryske striders by Brokope byelkoar komme om Drinte binnen te fallen. De Friezen helpe de biskop by in skeel mei de lânfâd fan Koevorden mar wurde op de heide tusken Bakkefean en de Drintske grins ferslein. De namme Aldeberkeap komt fan broek(lân), dat leechlizzende greide betsjut, en fan ope, dat ôflaat is fan apa, dat wetter betsjut. De plaknamme ferwiist nei de lege en wetterrike lokaasje fan it doarp. Foar de kanalisaasje fan de Kuunder en de Linde strûpte it lân yn dy kontrijen der foar in grut part fan it jier ûnder.

Fanút Berkeap ûnstiene foar 1320 de parochy's Eastberkeap (Ostbrockop, it lettere Makkingea) en Westberkeap (Westbrockop, it lettere Nijeholtpea). Om it doarp te ûnderskieden fan de nije parochy's waard it doarp tenei Aldeberkeap neamd.

 
Bonifatiustsjerke

De tsjerke stiet yn it midden fan it doarp en oannommen wurdt dat it oarspronklik romaanske gebou yn 1125 boud is. Yn dy tiid bestie de tsjerke hielendal út dowestien. Om 1450 hinne waard de tsjerke yn goatyske styl en mei kleastermoppen nei it easten ta langer makke. De tsjerke is ferneamd nei de apostel Bonifatius, mar de oarspronklike patroanhillige wie Fitus.[3][4]

Yn 1585 yn de Tachtichjierrige Oarloch hie Aldeberkeap te lijen fan in oanfal fanút Stienwyk fan de Spanjerts. Hja brochten de toer ta ynstoarten troch dy te ûndergraven. Letter waard de toer wer opboud Fryske gieltsjes, mar lytser en minder heech as de âlde toer. Grutte restauraasjes fan de tsjerke fûnen plak yn 1927 en yn de jierren 1960. Yn 2012 waard de muorre om 'e tsjerke restaurearre en in tagongspoarte rekonstruearre.

 
Kaart (17e iuw) mei de skâns fan Aldeberkeap

Om Fryslân better te beskermjen liet Willem Loadewyk tusken en lâns natuerlike barriêres de Fryske Wetterline oanlizze mei ferskillende skânsen. Yn 1593 wurdt súdeastlik fan Aldeberkeap oan de noardlike kant fan de Linde ek de Bekhofskâns boud. Ien fan de oerbliuwsels fan it fort stiet midden yn it doarp, in kanon dat yn 1979 fûn waard en skonken is oan de gemeente. Dy hat it wapenmuseum fan Delft in ûnderstel foar it kanon meitsje litten en hat it mids yn 't doarp setten. De kontoeren fan de eardere skâns binne yn 2007 wêr sichtber makke.

Yn 'e Frânske tiid waard mei yngong fan 1 jannewaris 1812 de mairie Aldeberkeap ynsteld. Nei de werynfiering fan de gritenijen bleau Aldeberkeap it haadplak fan Eaststellingwerf. It bestjoer fan de gritenij kaam yn 'e herberch 'De Zwaan' gear, in gebou dat yn alle gefallen út 1720 datearret. Aldeberkeap ferlear de status fan haadplak yn 1855 nei't it gemeentebestjoer op 16 april 1852 der foar keas om it gemeentehûs te ferhûzjen nei Makkingea.

 
Filla Vredewoud
 
Koepelbosk

In grutte rol foar it doarp spile de grutgrûnbesitter Jan Albert Willinge (1760-1839), dy't fan 1815 oant 1839 grytman fan Eaststellingwerf wie. Yn 1825 joech er Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) opdracht om ûntwerpen te meitsjen foar de grutte parken by it doarp. Sa waarden de Koepelbosk, de Molebosk en it Stjerrebosk yn de Ingelske lânskipsstyl oanlein. In oar opfallend gebou yn opdracht fan grytman Jan Albert Willinge is it pastorygebou út 1838. Hy ferstoar sûnder neiteam en al it besit gie doe oer op Geziena Willinge, dy't troude mei Lambertus Petrus Prins, de earste dokter fan Aldeberkeap. Hja wennen op Vredewoud en twa fan harren bern neamde harren letter Willinge Prins. Ien fan dy twa, Jan Albert Willinge Prins (1834-1875), wenne ek op Vredenwoud en krige mei syn frou Amelia Wiskje van Bienema (1838-1881) twa soannen, Epke Willinge Prins (1871-1949) en Petrus Lambertus Willinge Prins (1866-1941). Epke soe letter op Vredewoud wenje, wylst Piet yn it lânhûs Lunia wenne. Hja brochten it doarp in soad troch te ynvestearjen yn 'e bou fan it molkfabryk 'De Goede Verwachting', de earste lânbouskoalle fan Nederlân en de stifting fan in sparbank.[5].

De lânbouskoalle waard yn 1967 sletten en nei in fúzje mei it molkfabryk De Takomst fan Wolvegea waard ek it molkfabryk yn 1977 sletten. Ek hat der in húshâldskoalle in Aldeberkeap west.

 
MFA MeJander

De MeJander is it multyfunksjonele akkomodaasje fan it doarp. Pleatslik Belang behertiget de belangen fan it doarp. De Dreijer is ien fan 'e âldste doarpskranten fan Fryslân.[6]

Ferienings/Stiftings

bewurkje seksje
 
Byld oanbean troch De Geitefok
 
Willinge Prinsstrjitte 15

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2005
Ynwenners 646 1251 1220 1253 1281 1290 1562
Jier 2009 2015 2020
Ynwenners 1536 1514 1555

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

 
Peaskefjoer

Om it doarp lizze de Koepelbosk, De Kiekenberch, Molenbosk, Stjerrebosk en de Stuttebosk. Tusken Aldeberkeap en Nijeberkeap leit noch yn 'e himrik fan Aldeberkeap it natuergebiet Dellebuorsterheide fan It Fryske Gea.

 
Prinsewyk
  • It dokumintaasjesintrum fan de Stellingwarver Schrieversronte sit yn in gebou oan de Willinge Prinsstraat 10
  • It doarp hat in haven 'De Uutwiek' dy’t oanslút op de Turfrûte.
  • It Wapen fan Eaststellingwerf 1837 is in âld kaffe mei in hynstestâl út de tiid fan de postkoetsen.
  • In kilometer ten suden fan it doarp stiet oan 'e kant fan de Linde yn it doarpsgebiet fan Sânhûzen de Wynmotor Aldeberkeap

Strjitten yn Aldeberkeap

bewurkje seksje

Alle strjitten yn Aldeberkeap.

Publikaasjes

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. https://corpusroemeling.nl/data.html Corpus Roemeling
  4. Skiednis fan 'e Stellingwerven, oproppen 24 juny 2023
  5. zuivelfabriekenfriesland.nl, oproppen 24 juny 2023
  6. Side Aldeberkeap, oproppen 24 juny 2023

  Eaststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
  ·   ·