Jan Albert Willinge

Jan Albert Willinge (Aldeberkeap, 21 juny 1760 - dêre, 31 jannewaris 1839) wie in Frysk politikus.

Jan Albert Willinge
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 21 juny 1760
stjerdatum 31 jannewaris 1839
Lid Fergadering fan Notabelen
amtsperioade 1814
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1814-1831
Bûtengewoan lid Steaten-Generaal fan 'e Feriene Nederlannen
amtsperioade 1815
Grytman fan Eaststellingwerf
amtsperioade 1816-1839

Willinge wie in soan fan de ûnder-luitenant yn it rezjimint Regteren Ludolf Jan Willinge en Johanna Gezina Hubbelink út it Drintske Peize. Hy wie in bernsbern fan de Drintske deputearre Jan Willinge. Willinge waard nei syn stúdzje rjochten abbekaat en waard dêrnei fan 1791 oant 1795 út namme fan Zevenwolden riedshear by it Hof fan Fryslân.

Willinge wie sekretaris fan Eaststellingwerf en fan 1816 oant syn ferstjerren yn 1839 grytman fan dy gemeente. Yn 1814 wie er foar Fryslân lid fan de Fergadering fan Notabelen. Fan 1814 oant 1831 wie hy lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Willinge troude op 6 jannewaris 1784 yn Aldeberkeap mei de yn Frjentsjer berne Taad Wigeri, dochter fan de heechlearaar te Frjentsjer en prokureur-generaal by it Hof fan Fryslân prof. mr. Elias Wigeri en Hiltje Binkes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: