Stjerrebosk
In stjerrebosk is in bosk mei paden dy't út de midden wei yn strielen nei de bûtenrâne rinne en sa in stjerfoarm foarmje.
Stjerrebosken binne in elemint út de barokke túnarsjitektuer en makken yn de 18e iuw opgong. Sy wienen tige gaadlik foar de jacht, omdat út de midden wei oerstekkend wyld op alle paden waarnommen wurde koe.
In protte stjerrebosken hawwe harren oarspronklike opset ferlern, mar drage noch wol de namme Stjerrebosk. It stjerrebosk Oude Warande by Tilburg hat syn oarspronklike foarm goed behâlden. Yn it Noarden is it Stjerrebosk fan Grins bekend.