Langedike
Langedike | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Eaststellingwerf |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | 12 |
Ynwenners (2006) | 303 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 57' NB, 6° 16' EL |
Netnûmer | 0516 |
Postkoade | 8425 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Langedike is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, tusken Easterwâlde en it Drintsk-Fryske Wâld. It doarp hat likernôch 303 ynwenners (1 jannewaris 2009).
Langedike is in âld lintdoarp dat him by de dyk fan Makkingea nei Groot Wateren yn Drinte ta útstrekt. It is fierwei it lytste doarp fan Eaststellingwerf. Om it jier 1500 hinne wurdt it doarp fermeld as in parochy dy‘t by it dekanaat Drinte hearde. De Tegenwoordige Staat van Friesland neamde it yn 1788: een klein Dorpje aan den rydweg van Makkinga naar Appelsche, waaronder maar 12 stemmen behooren; ‘Kerkje zonder toren staat ten Westen van dien rydweg, en verder Zuidwaards vindt men eenige boeren huizen, in ‘t geboomte aan de Bouwlanden, loopende tot digt aan Appelsche.
Folle pleatsen stienen der net, allegear op rjochthoekige, opstrekkende kavels yn in regelmjittich patroan. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas (1849) steane in tsiental boerepleatsen. De lytse mienskip hat syn tsjerke dan ek net behâlde kinnen, yn it noarden leit it tsjerkhôf der noch wol. Nei it ferdwinen fan de tsjerke waard der in klokkestoel oprjochte, dêr’t de âldst datearre liedklok – mar leafst út 1300– út Fryslân yn hinget. Tsjerklik is it al sûnt iuwen kombinearre mei Makkingea en Elslo.
De frijwol útslutend op dizze wei rjochte agraryske bebouwing lei frijwat ferspraat. Yn it suden rûn de doarpsstreek út op de sândunen fan Appelskea, dêr ‘t letter bosken oanlein binne. Likernôch 700 meter eastlik fan de oarspronklike streek oan de wei lei in paralelle agraryske streek tusken Boekhorst ûnder Easterwâlde en Terwischa ûnder Appelskea yn dy‘t ek by Langedike hearde. Tusken dy twa streken yn is in ferbiningswei oanlein, de Stokdyk, wêroan‘t yn 1864 de skoalle boud is en trije jier letter ek it skoallehûs.
MienskipBewurkje
Yn de buert fan de skoalle hat nei de oarloch sprake west fan in soarte fan komfoarming. Dêr kaam oan de Weidedyk de nije skoalle en ek it doarpshûs ‘Oons Dörpshuus’ dat noch net sa lang lyn útwreide is. By it krúspunt fan de Klokhuisdijk en de Stokdyk is ek wat konsintraasje, mar foar it oare bestean de streken fan Langedike noch altyd út in frijwat losse bebouwing.
BefolkingBewurkje
StrjittenBewurkje
- Haardyk - hege sânkoppen waarden eartiids yn Eaststellingwerf "haeren" neamd.
- Iegepoeledyk - âlde doarpsnamme
- Klokhúsdyk - nei it klokhûs (klokkestoel) dat no noch op it begraafplak stiet. Hjiryn hinget nei alle gedachten ien fan de âldste klokken fan Europa, it fermoeden is dat dizze belle al yn it jier 1300 jitten is.
- Steenmaatsdyk - Oer it "Kleine Diep" leit de steenmaatstille
- Stokdyk - namme bestie al yn de 19e iuw.
- Weidedyk - âlde behuzing dy't neffens de kaart fan Eekhof út 1849 op itselde stee stien hat.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Easterwâlde | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | |
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd |