Elslo
Himrik fan Elslo
gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 35
Ynwenners (2006) 652
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 6° 14' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8424
Webstee www.elsloo-fr.nl

Elslo is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, noardwest fan it Drintsk-Fryske Wâld. It doarp hat likernôch 652 ynwenners (de buorskippen Tronde en Kanada meirekkene) (1 jannewaris 2009).

lizzing Eaststellingwerf
Yngong fan it doarp

De namme is ûntliend oan els + loo. Loo betsjut bosk, in elzebosk dus. It doarp is yn de 11e iuw ûntstien as in agrarysk streekdoarp en leit tsjintwurdich mids sânferstowings, bosken en heide mei heidemarkes. Yn de omkriten lizzen de Keale Dunen en natuergebieten de Stobbepoel en de Skieppedobbe Besuden Elslo op de krusing fan de Boylerwei en de Verwerswei leit it buorskip Súd.

By de tsjerke stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

MienskipBewurkje

Der is yn dit streekdoarp in bloeiend ferieningslibben. It pjutteboartersplak "Pippeloentje" en de basisschool "Meester K.J. Dijkstraschool" binne de beide ûnderwiisfoarsjennings.

FerieningsBewurkje

 
Klokkestoel fan Elslo
  • toanielklup
  • De Oefening - iisklup
  • Elser Smart - jankfoddekoar
  • Aldereinsoas
  • Concordia - muzyk

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

  • Abbendyk - namme fan de lannen
  • Bûtenwei - bûten wegen rûnne bylâns de saneamde binnenwegen. Se leinen oande râne fan de sânrêgen. De Binnenwegen leinen oer it generaal yn de midden fan de sânrêgen. De Bûtenwegen wienen meastsentiids eigendom fan de gritenij of gemeente. De binnenwegen wienen oant begjin 19e iuw eigendom fan de oanlizzende eigeners.
  • Kanada - nei it buorskip Kanada.
  • De Monden - Monden binne grutte plassen yn Kanada.
  • De Riete - Komt fan de Folle Riete of Folle Rijten. It wie in streamke, in sydrivierke fan de Linde, mei in soad wetterplanten.
  • Donkerewei - Komt fan donker paad. It wie de wei nei twa stimhawwende pleatsen yn Súdhorn.
  • Eikenhorst - De Brink (=horst) stie eartiids fol mei iken. Dizzen binne yn ien kear kapt en ferkocht.
  • Frankenawei - Frankena wie eartiids in pleats oan de eastkant fan de Doarpsstrjitte en dan wat noardliker. Frankena is in âlde famyljenamme. Abelus Frankena wie in Fries dy't omreden fan it leauwe yn 1567 nei Emden flechte is en dêr yn 1578 it twistpetear mei de Mennisten bywenne. By syn weromkomst gie er yn de polityk. Sa waard hy yn 1580 nei Grinslân stjoerd om mei de Steaten fan dat gewest te praten oer de feilichheid fan Grinslân en Fryslân. By de iepening fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer op 29 july 1584 wienen de ôffurdigen fan Sânwâlden: Abelus Frankena en Elardus Reinald.
  • Haerwei -
  • Haadwei - de wichtichste strjitte fan it doarp.
  • Horstleane - in horst is heger lizzende sângrûn.
  • Kleasterwei - nei kleaster "Waerelds ljocht".
  • Noard -
  • Peperstrjitte - komt fan piperbus, dat is in mole sûnder wjukken. It wie in mole op it Súd fan Hendrik Bolding.
  • Portingawei - Portinga wie eartiids in pleats oan de westkant fan de buorren en it westkant fan de Doarpsstrjitte.
  • Tronde - nei it buorskip Tronde. De namme komt fan it Fryske wurd frind of frund dat rûn betsjut.
  • Súd - topografysk sjoen it suden.

Keppelings om utensBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
 
Plakken yn de gemeente Eaststellingwerf
 
Haadplak: Easterwâlde
Doarpen en útbuorrens: AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen: AakingeaAlde Willem (foar in part) • BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • NanningaNije FeartPetersburch (foar in part) • PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd