Doarpstsjerke (Elslo)

De Doarpstsjerke is in tsjerke oan de Haadwei yn Elslo yn de gemeente Eaststellingwerf. It wie ien fan de protestanske streekgemeente Frieslands End. Under de gemeente falle njonken it doarp Elslo ek de plakken Boyl en Makkingea.

Doarpstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Elslo
adres Haadwei
koördinaten 52° 56' N 6° 14' E
Arsjitektuer
arsjitekt O.M. Meek
boujier 1913
boustyl Art Noveau
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514113
Webside
PKN-gemeente Frieslands End
Kaart
Doarpstsjerke (Fryslân)
Doarpstsjerke

Sûnt de fúzje fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke op 1 maaie 2004 is de gemeente oansletten by de PKN.

Op 27 novimber 2020 waard de Stifting It Karkehuus oprjochte. It slagge de gemeente langer net om de trije tsjerken fan de gemeente te ûnderhâlden en de stifting hat as doel de tsjerke mei de klokkestoel foar de takomst te behâlden. Yn desimber 2019 waard foar it lêst in gewoane tsjerketsjinst holden. De tsjerke is in ryksmonumint.

 
Klokkestoel

De tsjerke waard as herfoarme tsjerke boud yn 1913 troch O.M. Meek (1855-1921), in arsjitekt dy't tige aktyf wie yn 'e omkriten fan Elslo en yn Donkerbroek mei de bou fan de grifformearde tsjerke in jier earder in te ferlykjen bouwurk delsette litten hie. De nijbou ferfong in tsjerke út 1632, dy't op it tsjerkhôf stie. Is is mei wissens te sizzen dat der al yn 1300 in tsjerke yn Elsloo stien hat.

Yn de jierren 1980 waard foar oare tsjerklike aktiviteiten achter de tsjerke it Karkehuus (Tsjerkehûs) oanboud.

De tsjerke is yn 1995 restaurearre en yn oarspronklike steat werombrocht. Sûnt 2000 is de tsjerke in ryksmonumint. Yn 2017 folge grut ûnderhâld oan de tsjerke.[1]

It ynterieur fan de tsjerke is hast noch folslein orizjineel. Boppe it foarportaal is in kreake foar it oargel ynbrocht. Ek it oarspronklike bankenplan fan de tsjerkeseal is noch hielendal oanwêzich. De preekstoel stiet yn in nis mei in dûbele opgong. Oan wjerskanten dêrfan steane de banken foar de âlderlingen en diakenen. Yn de tsjerke stiet in elektronysk oargel fan Johannes Oargelbou út Ede. De rûnbôgefinsters en de roasfinsters hawwe glês-yn-leadramen.

By de tsjerke stiet in yn 1987 restaurearre klokkestoel, dêr't twa klokken yn hingje. De klokkestoel sels stamt út 1953. De âldste klok is 15e iuwsk, de jonge klok waard yn 1954 getten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: