Grifformearde tsjerke (Donkerbroek)

De Sintrumtsjerke oan de Hearewei is de tsjerke fan de grifformearde tjerke fan Donkerbroek. It oargel fan Albertus fan Gruisen yn de tsjerke is in ryksmonumint.[1]

Sintrumtsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente boder Eaststellingwerf
plak Donkerbroek
adres Hearewei 72
koördinaten 53° 01' N 6° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt O.M. Meek
boujier 1912
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 460746
Webside
PKN Donkerbroek-De Haule
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

Skiednis bewurkje seksje

 
Gevelstien mei tekst út Psalm 150 fers 1

De tsjerke waard yn 1912 neffens in plan fan O.M. Meek boud foar de grifformearde tsjerke fan Donkerbroek. De tsjerke ferfong in âlde gebou oan de Hearewei 98.

Sûnt 2012 foarmet de grifformearde tsjerke mei de herfoarme gemeente Donkerbroek-De Haule in federaasje.[2].

Oargel bewurkje seksje

It ienmanualige oargel waard boud yn 1821 troch Albertus fan Gruisen út Ljouwert foar de tsjerke yn Toppenhuzen.[3] Yn 1920 ferhûze it ynstrumint nei de doe nije grifformearde tsjerke fan Donkerbroek, dêr't it troch de firma Bakker & Timmenga opboud waard. It front en de mechanyk binne by dy weropbou fernijd. De bruorren Reil út Hearde wreide yn 1964 it ynstrumint út mei in mikstuer. Deselde oargelmakkerij restaurearre it ynstrumint yn 1997.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: