Donkerbroek is in doarp noardwest fan Easterwâlde oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn de gemeente Eaststellingwerf. Yn Donkerbroek wurdt fan oarsprong Stellingwerfsk sprutsen. Yn de 20e iuw ûntstie in sterke Fryske ynfloed.

Donkerbroek
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 1.925 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 22,31 km², wêrfan:
- lân: 22,12 km²
- wetter: 0,19 km²
Befolkingsticht. 87 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 01' N 6° 14' E
Lokaasje Donkerbroek (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Lokaasje Donkerbroek (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Offisjele webside
donkerbroek.nl
Kaart
Donkerbroek (Fryslân)
Donkerbroek

Donkerbroek hat 1.925 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.

Namme bewurkje seksje

De âldst bekende fermelding fan Donkerbroek is yn in oarkunde fan 13 july 1408. Dêryn wurdt beskreaun hoefolle skatting de Eaststellingwerfske doarpen betelje moatte oan de biskop fan Utert. Foar Dumbraech is dat 80 âlde skylden. Twa oare oarkundes út 1408 gyngen oer in skeel mei de biskop fan Utert oer de hier fan de healannen. Dêr waard it doarp Dungebroek en Dongbroec neamd.

Oare nammen foar Donkerbroek wiene Dumbroeck (1500), Dunckerbroeck (1508), Dombroeck (1509), Donckerbrouck (1567) en op 16e-iuwske kaarten Dombrouck. Sûnt de 18e iuw waard meastentiid Donkerbroek skreaun. It earste diel wol neffens it Middelnederlânsk Hânwurdboek sompe, dobbe, leech lân sizze, wylst mei it twadde diel in heger lizzend wenstee yn in leechlân oantsjut wurdt. De namme betsjut dus 'in hichte yn in broekgebiet'.

Skiednis bewurkje seksje

Om Donkerbroek hinne binne in soad prehistoaryske fynsten dien, benammen út de brûnstiid. Donkerbroek is ien fan de âldste delsettingen yn súdeast Fryslân en boud op in pear hege sânrêgen. Oarspronklik is Donkerbroek in Drintsk doarp en ien fan de 12 Drintske kerspels dy't him yn 1328 fan Drinte losskuorde en by de Friezen fan Stellingwerf oanslette.

Oan it begjin fan de 16e iuw wurdt skreaun dat de tsjerke wijd wie oan Sint-Laurentius en it alter oan Sinte-Marije. Dan is der ek in ein kommen oan de Frije Naasje fan de Stellingwerven. Stellingwerf wurdt dan in Fryske gritenij en yn 1517 wurdt dy gritenij opdield yn in gritenij Stellingwerf-Westein (it tsjintwurdige Weststellingwerf) en in gritenij Stellingwerf-Eastein (it tsjintwurdige Eaststellingwerf), dêr't Donkerbroek by heart.

Nei de reformaasje bewurkje seksje

Yn 1580 moast de lêste pastoar fan Donkerbroek, Lubbertus Alberti, flechtsje foar de reformaasje. Fuort dêrnei waard Donkerbroek tsjerklik by Easterwâlde yndield. Dy sitewaasje feroare yn 1700, doe't de doarpen Donkerbroek en De Haule in selstannige tsjerklike gemeente mei in eigen dûmny waard.[3] As ûnderdiel fan in rige ferdigeningswurken yn it súdeasten fan Fryslân waard yn 1593 yn opdracht fan steedhâlder prins Willem Loadewyk, ek bekend as Us Heit, yn it bûtengebiet de skâns Breeberch oanlein. Allinne de namme Skânsdyk ferwiist noch nei de eardere skâns.

Om't op 17e-iuwske kaarten eastlik oan de hjoeddeiske Balkwei de namme Oud Kerkhof fermeld wurdt (yn it súdlike diel fan it tsintwurdige kuierbosk Ontwijk),[4] is it mooglik dat it doarp en de tsjerke eartiids súdliker lein hat. De Stellingwerfske amateur-archeolooch H.J. Popping fûn op it terrein fan it âld tsjerkhôf in liemlaach en brokken readbakte stien, dat op it tsjerkje wize kin. By de ruilferkaveling fan 1955 gie it tsjerkhôf ferlern.

18e iuw bewurkje seksje

 
Donkerbroek, herfoarme tsjerke (1714)

Op 23 maart 1714 lei dûmny Isaac Poutsma de earste stien foar in nije tsjerke. De tsjerke krige ynearsten gjin toer, mar in klokkestoel. It tuorke waard letter tafoege, mar de klokken (út 1520 en de 14e iuw) hingje ek no noch yn in klokkestoel.

 
Brêge oer de Kompanjonsfeart

Yn 1790 is it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart al foarby Donkerbroek. Acht jier lang wurdt it doarp yn twaën dield sûnder brêge, dy't der pas yn 1798 komt. Troch it doarp farre skippen mei turf en oare fracht. Oan de feart wurde húskes boud en bûten de kom ûntsteane buorskippen as Petersburg en Moskou. De befolking groeit hurd en bestiet fral út boeren en arbeiders. Fan turfwinning is hast gjin sprake en de yndustrialisaasje giet (ynearsten) oan Donkerbroek foarby. Der komme wol mear ambachtslju, lykas timmerlju, skuonmakkers, smidden, wevers, winkellju, grôtmakkers en weinmakkers.

Ein 18e iuw stie op wat no de Geert Wolter Smitwei 12 is, al in kafee mei de namme Het Posthuys. Donkerbroek wie net in ryk doarp en út de kasboeken fan 'e diakony docht bliken dat in grut tal minsken holpen wurde moasten. Yn dy omstannicheden gripe in soad minsken nei de drank en dat wie mei it grutte oantal taappunten en kafees yn Donkerbroek net oars.

19e iuw bewurkje seksje

Yn de Frânske tiid ferniele patriotten it famyljewapen fan de Lyclama à Nijeholt boppe de yngong fan de tsjerke. Foar de tsjerke oer wurdt dûnse om de Frijheidsbeam en op de saneamde Peggebult wurde eksersysjeoefeningen hâlden. Yn de 19e iuw groeit yn Donkerbroek it tal folgelingen fan Hendrik de Cock nei de ôfskieding fan 1834 hurd en yn 1845 stiften hja in eigen tsjerke, dy't oant 1873 in kombinaasje wie mei Haulerwyk.[5]. It earste tsjerkje oan de Hearewei 98 is der noch altiten, mar hast net mear te werkennen. Nei de doleânsje bouden de grifformearden yn 1912 in nije tsjerke oan de Hearewei 72.

20e iuw bewurkje seksje

 
Molkfabryk

De út it bûtenlân oerwaaide koöperaasjegedachte skeat ek yn Donkerbroek woartel mei de oprjochting fan it koöperative Stoomsuvelfabryk yn (1902) (fuortsetting fan it fjouwer jier earder begûne spekulative molkfabryk); in Koöperative Feriening ta Oankeap fan Lânbouärk (1904) en in koöperative Raiffeisenbank (1911). Alle trije binne al wer ferdwûn. Yn 1911 rydt de earste tram Donkerbroek binnen.

 
Arbeidershûzen oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart

Yn 1913 bringt de jonge keninginne Wilhelmina in koarte besite oan Donkerbroek. Fiifenfjirtich jier letter (1958) komt ek har dochter Juliana nei Eaststellingwerf en lit har yn 't Wite Hûs foarljochtsje oer de wurkleazens. In tegeltablo yn it etablissement herinnert dêroan.

Nei de Twadde Wrâldoarloch begûn it doarp har stadichoan út te wreidzjen. Efter de lintbebouwing ûntstienen in tal nije wenwiken. Yn 1954 rûn it ynwennertal yn ien klap mei hûnderten werom trochdat it noardlike bûtengebiet by it nije doarp Waskemar kaam. Yn lettere jierren nei de oarloch kaam der mear lytsskalige bedriuwen yn it doarp. De middenstân waard lytser en de befolking fergrize stadichoan.

Mienskip bewurkje seksje

 
Opsterlânske Kompanjonsfeart

Donkerbroek hat in feriening foar Doarpsbelang, dy't byinoar komt yn doarpshûs Oan 'e Feart. It doarpshûs bestiet sûnt 1990. Nei't jeugdsoas "De Trochsetters" opheft waard, is it gebou oan de Fruitier de Talmawei ferboud ta doarpshûs. Tsien kear yn 't jier ferskynt de doarpskrante Op 'e Hichte. Troch in jierlikse Snertaksje en de advertearders is de krante fergees.

Donkerbroeksters wurde gekjeijend tradisjoneel ek takkemigers neamd.[6]

Tsjerken bewurkje seksje

 
Donkerbroek, grifformearde tsjerke (1912)
  De Wikipedy hat ek in side Laurenstsjerke (Donkerbroek).
  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Donkerbroek).

Skoalle bewurkje seksje

De iepenbiere basisskoalle 't Startblok en de prot.-kristlike basisskoalle De Peggebult binne yn 2018 fusearre ta de identiteitsrike basisskoalle De Twirrewyn.[7] Foar fuortset ûnderwiis binne learlingen oanwiisd op Waskemar en Easterwâlde.

Ferieningen bewurkje seksje

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1749 1840 1900 1954 1959 1964 1969 1973 2004
Ynwenners 322 700 1300 2.055 1.936 1..833 1.701 1.582 1.180
Jier 2009 2011 2015 2020
Ynwenners 1.184 1.872 1.850 1.900

Boarnen: 1749: Belestingkohieren; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers

Gea bewurkje seksje

Om Donkerbroek hinne leinen eartiids grutte bosken en heidefjilden. Dêrfan bleau súdlik fan it doarp it kuiergebiet Ontwijk oer, dat in goede yndruk jout fan it eardere lânskip fan bosk, leanen, heide en puoltsjes. Yn it gebiet libje reeën en in protte soarten boskfûgels. Yn de heidemarkes sitte brune- en griene kikkerts en libellen as fjouwerflek, noardske wytsnút en grutte keizer. Der binne ek oerbliuwsels fan in hurdfytsbaan en in iepenloftteater.

Toerisme bewurkje seksje

Lâns Donkerbroek rint de toeristyske rûte De Fryske Wâlden. Troch it doarp rint de Opsterlânske Kompanjonsfeart dy't diel útmakket fan de Turfrûte.

Keunstwurk bewurkje seksje

 
De Klokkelieder

By de westlike tagong fan it doarp stiet foar restaurant ’t Wite Hûs oer it keunstwurk De Klokkelieder. De Klokkelieder betinkt in barren op 22 desimber 1749, doe't jongelju de klokken lieden om de ynwenners te warskôgjen foar de komst fan belestingamtners. De amtners, kjel wurden fan de mei seines en skeppen bewapene Donkerbroeksters, naaiden út. Martien Lammers, mem fan ien fan de klokkelieders, waard yn 1750 feroardield ta twa jier tichthûs. Har ferwar dat it om Sint-Tomaslieden gie waard net leaud.

Strjitten bewurkje seksje

De strjitten fan Donkerbroek

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. T.H. Oosterwijk, Geschiedenis van de Ooststellingwerfse Dorpen, side 111
  4. Sjoch foar krekt lokaasje: Fryslân op de kaart
  5. gereformeerdekerken.info, oproppen 17 juny 2023
  6. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
  7. Nije Eaststellingwerver, 28 juny 2018

 
Plakken yn de gemeente Eaststellingwerf
 
Haadplak: Easterwâlde
Doarpen en útbuorrens: AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen: AakingeaAlde Willem (foar in part) • BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • NanningaNije FeartPetersburch (foar in part) • PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd