Haadmenu iepenje

Trije Tolhikken (Stellingwerfsk en Nederlânsk: Drie Tolhekken) is in buorskip in de gemeente Eaststellingwerf.

It leit west fan de kearn Easterwâlde, dêr't it offisjeel ek ûnder falt. Eartiids hat der in tolhûs stien. Dat is boud by de oanlis fan de wegen nei Donkerbroek en Makkingea. Yn 'e buorskip leit in Slûs III, dy't de Opsterlânske Kompanjonsfeart mei de Tsjonger ferbynt.