Makkingea is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, west fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 1023 ynwenners (1 jannewaris 2009). By it doarp lizze de buorskippen Bûteheidefjild, Legeduerswâlde, Hegeduerswâld, Twitel en Fenebuorren.

Makkingea
De Weyert, Makkingea
De Weyert, Makkingea
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 1.030 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 16,59 km², wêrfan:
- lân: 16,53 km²
- wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 63 ynw./km²
Oar
Koördinaten 52° 58' N 6° 13' E
Lokaasje Makkingea (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Lokaasje Makkingea (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf
Offisjele webside
dorpmakkinga.nl/
Kaart
Makkingea (Fryslân)
Makkingea

Makkingea hat 1.030 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp fierde yn 2008 it 600-jierrich bestean. Dat jubileumsjier soe op basis fan it neamen fan it doarp yn in oarkonde út 1408 oer in te beteljen skatting oan de biskop fan Utert keazen wêze. Neffens T.H. Oosterwijk yn syn boek Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen wurdt Makkingea lykwols net by dy doarpen neamd. Spahr van der Hoek skreau dat Makkingea yn dat jier noch ûnderdiel wie fan East-Nijeberkeap (it hjoeddeiske Nijeberkeap).[3][4] In oare boarne [5] neamt 1527 as it jier dat Mackinge foar it earst neamd waard, wylst K.F. Gildemacher yn Friese plaatsnamen it jiertal 1408 neamd as earste fermelding fan de nammefariant Mackinge.[6]

 
De brink fan Makkingea

Wis is dat Makkingea yn 'e 15e iuw ûnstie as in boerestreek. It is in brinkdoarp, dat eartiids in soad te lijen hie fan oerstreamingen fan De Tsjonger. De Brink waard brûkt om kij en skiep by inoar te bringen en der stie ek in pomp. Nei alle gedachten krige Makkingea yn 1543 in tsjerke.[7] De âldste klok fan de oan Sint-Bonifatius wijde tsjerke datearret fan 1463 en it doarp wie yn alle gefallen yn de 16e iuw in selsstannich parochydoarp.

Yn 'e rin fan de 17e iuw gyngen in soad pleatsen oer yn hannen fan net-boeren. Yn 1698 besiet Augustinus Lycklama à Nijeholt 12 pleatsen, wylst de Franckena's der 7 besieten. It skaai Lycklama à Nijeholt hie yn Makkingea in let-midsiuwske state, dy't op it plak stie dêr't hjoeddedei it doarpshûs stiet en yn 1829 ôfbrutsen waard.[8] It hûs waard yn 1829 ôfbrutsen.

 
Bonifatius- of Doarpstsjerke

Makkingea wie yn de 17e iuw ûnderdiel fan de Fryske wetterline en dêr wie op in sânrêch in skâns. Op 24 en 25 augustus 1673 foelen Munsterske troepen de skâns oan. Striid hat der hast net west; dêr wie gjin oanfal ferwachte en de skâns hie gjin grutte besetting om in oermacht te wjerstean. De Fryske troepen moasten harren efter de Tsjonger weromlûke en ûnder de frjemde troepen hie de befolking te lijen fan ferskriklike wredens.[9].

Fan 1848 oant 1886 wie Makkingea it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Foar 1848 wie Aldeberkeap dat, mar Makkingea bleau net lang it haadplak want al yn 1886 waard in nij gemeentehûs yn Easterwâlde yn gebrûk nommen. Yn 1855 waard de dyk fan Makkingea nei de Trije Tolhekken oanlein. Belangryk foar it doarp wie ek it graven fan de Makkingeasterfeart nei de Tsjonger yn 1887. Yn 1914 krige it doarp in oansluting op de tram fan Easterwâlde nei Stienwyk. Sûnt 5 oktober 1947 waard allinne noch fracht oer dat trajekt ferfierd, foar it lêst yn septimber 1962. Oan dat spoar stie ek it yn 1894 stifte molkfabryk De Eendracht. It fabryk bleau oant 1984 bestean en waard letter ôfbrutsen om plak te meitsen foar hûzen.[10] Yn 1990 kaam dêr in keunstwurk fan Peter Hiemstra út Aldeberkeap ta neitins fan it fabryk, dat yn 2020 sloopt[11] en in jier letter ferfongen waard troch in nij keunstwurk fan deselde makker.[12]

Yn it doarp binne yn 1991 neffens nije ynsichten hast alle ferkearsboerden weihelle.

Oan de Oosterhuiswei stiet it Gritenenijhûs, it doarpshûs fan Makkingea. De bewenners wurde troch de doarpskrante Kermobri ynformearre. Makkingea hat in feriening Doarpsbelang.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2009 2015 2020
Ynwenners 294 1047 1053 999 890 797 1042 1042 1023 1015

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Berne yn Makkingea

bewurkje seksje
 
Rommelmerk yn Makkingea
  • Fan maart oant en mei oktober wurdt op de lêst saterdei fan 'e moanne ien fan de grutste rommelmerken fan it noarden organisearre.[13]

De Makkingeaster Aldjiersploech (MOP) organisearret eveneminten lykas:

  • Autocross Makkingea (twadde Peaskedei)[14]
  • Tintefeest Makkingea (augustus)[15]

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Publikaasje(s)

bewurkje seksje
  • Jan Nijholt en Jan Oosterhof - Makkinga, haar geschiedenis van zes eeuwen (2008)
  • Roelof Gorter - Dorpsgeschiedenis en Veldnamen (2013)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Eaststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
  ·   ·