Jan Kromkamp (Makkingea, 17 augustus 1980) is in earder Frysk fuotballer. Dy't mei PSV twa kear Nederlânsk lânskampioen waard en wûn mei Liverpool ien kear de FA Cup. Kromkamp spile fan 2004 oant en mei 2006 alve ynterlannen mei it Nederlânsk fuotbalalvetal.

Jan Kromkamp
Jan Kromkamp
Jan Kromkamp
persoanlike bysûnderheden
namme Jan Kromkamp
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 augustus 1980
berteplak Makkingea
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysje Ferdigener
jeugdteams
AGOVV
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1998-2000
2000-2005
2005
2006
2006-2011
2011-2013
Go Ahead Eagles
AZ
Villarreal
Liverpool
PSV
Go Ahead Eagles
61(5)
133(6)
6(0)
14(0)
68(1)
34(0)
nasjonaal team
2004-2006 Nederlân 11(0)

Libbensrin bewurkje seksje

Kromkamp waard berne yn Makkingea, mar groeide it grutste part fan syn jeugd op yn Apeldoorn. Hy spile yn syn jeugd by AGOVV en waard skoute troch Go Ahead Eagles. Hy makke syn debút yn it proffuotbal op 12 septimber 1998 yn de wedstryd Go Ahead Eagles - TOP Oss 3-0, dêr't er nei 72 minuten ynfoel foar Hendrie Krüzen.

Nei in goede perioade by "De Eagles" waard er opmurken troch AZ dêr't er definityf trochbruts. Op 18 augustus 2004 tsjin Sweden (2 - 2) makke er syn debút foar it Nederlânsk alvetal. Hy hat no 11 ynterlâns spile. Yn de simmer fan 2005 makke Kromkamp de oerstap nei it bûtenlân. Hy tekene in kontrakt by de Spaanske klup Villarreal CF dat him foar de UEFA Champions League pleatst hie.

By Villarreal CF kaam Kromkamp net folle oan spyljen ta. Yn desimber 2005 tekene er in kontrakt by Liverpool FC. Foar dy klup makke er syn debút op 7 jannewaris 2006, yn in útwedstriid tsjin Luton Town FC yn de FA Cup. Neidat er ek by Liverpool FC op in sydspoar terjochte kommen wie, wie der út Nederlân wei belangstelling fan PSV, dêr't er in kontrakt foar fiif seizoenen tekene. By PSV wûn er yn syn earste seizoen daliks de lânstitel.

Op 26 maaie 2007 waard Jan Kromkamp, nei ôfrin fan in freonskiplike wedstryd op in parkearterrein mishannele troch in oantal manlju.

Yn 2011 spile Kromkamp wer by Go Ahead Eagels, dêr't er yn 2013 syn karriêre beëinige.

Earelist bewurkje seksje

  • FA Cup 2005/2006 (Liverpool)
  • Earedifyzje 2006/07 (PSV)

Keppeling om utens bewurkje seksje