Haadmenu iepenje
Haulerwyk
Flagge fan Haulerwyk Wapen fan Haulerwyk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Haulerwyk
Gemeente Eaststellingwerf
Ynwennertal (2010) 3263
Webstee www.haulerwijk.nl
Grifformearde tsjerke fan Haulerwyk

Haulerwyk is in doarp yn 'e gemeente Eaststellingwerf oan de noardkant fan de Tsjonger. It plak grinzet oan 'e provinsje Drinte en leit ticht by it punt dêr't de trije provinsjes (Grinslân, Fryslân en Drinte) byelkoar komme. Yn 1880 waard Haulerwyk in selsstannich doarp, dêrfoar waard de befolking by De Haule rekkene. Yn 2006 hat it doarp syn 250-jierrich bestean fierd. It ynwennertal is 3.263 (1 jannewaris 2010). Der wurdt oer it generaal Frysk sprutsen yn Haulerwyk. Haulerwyk hat trije buorskippen: Elleboog, Koudenburch en Rolpeal.

SkiednisBewurkje

It doarp is ûntstien yn it jier 1756 en hat syn bestean te tankjen oan it ûntginnen fan it fean, dat yn dit gebiet op grutte skaal plak fûn hat. De oanlis fan de Haulerwykster Feart hat yn 'e earste jierren foar de tagonklikens fan it gebiet soarge. Troch de ferbining fan dy feart mei Drachten en Assen koe eartiids it stutsen turf mei yn snikke ferfierd en ferkocht wurde. De Haulerwykster Feart is tsjintwurdich noch te sjen yn it doarp. De lintbebouwing lâns de feart is dan ek byldbepalend yn it lânskip. Dizze âlde feankoloanje bestie earder út Boppe-Haulerwyk en Beneden-Haulerwyk.
Letter yn 'e tiid hat it ferfier oer de wei en de opkomst fan de lânbou it lânskip fierder foarme. De ûntgûne grûn waard brûkt foar molkfee en lânbou (hjoeddeis foaral mais en jirpels). De (hannels)rûte nei Grins hat derfoar soarge dat der in kearn yn it doarp ûntstien is. Yn it sintrum fan it doarp hat eartiids in brêge west dy't wichtich wie foar it trochgeande ferkear. Earst wie dat in klapbrêge, letter is dy ferfongen troch in fêste brêge, dy't op syn beurt wer troch in lange dûker ferfongen is, dêr't letter yn rotonde op oanlein is.

De wenkriteBewurkje

Haulerwyk leit yn de Fryske Wâlden tsjin de Drintske grins oan. It lânskip is boskich mei dobben en skiere útsichten. By it doarp leit de Blauwe Bosk. Dat bosk is ûngefear 300 ha grut en bestiet út heide, dobben en nuddelbeammen en leafbeammen. Binnen in straal fan 10 km is der mear natuergebiet te finen, lykas de Bakkefeanster Dunen, it Liekster Mar, de Zuurse Dunen, Mensinge-Havesathe, it Noarger Esdoarpen Lânskip, it Fochtelerfean, it Drintsk-Fryske Wâld en de Duerswâlder Heide mei de Alde Bosk fan de Slotpleats yn Bakkefean.

MienskipBewurkje

Der is in aktyf ferieningslibben mei in ferskaat oan aktiviteiten. De Brede Skoalle sil in wichtich plak ynnimmen gean. Basisskoallen It Twaspan, De Skalmei, pjutteboartersplak 't Kwetternêst, de Iepenbiere bibleteek, Speel-o-theek De Flierefluit, Pleatslik Belang mei in tsiener-/jongereinromte, de thússoarch mei in konsultaasjeburo sitte yn ien gebou. Sûnt ein 2007 sitte kristlike skoalle De Paadwizer mei de iepenbiere Daltonskoalle 'Meester van Hasselt' en pjutteboartersplak 'de Boefkes' ûnder ien dak: "De Boekebeam". Fierder is der in frijmakke skoalle en hat it doarp in in skeelerbaan.

De feriening foar Pleatslik Belang hjit De Foarútgong en it doarpshûs De Enter. De Streekkrante is te finen op ynternet. By it doarp leit sportsintrum De Hichte en binnensporten wurde dien yn De Bongerd. Om de fiif jier is der in doarpsfeest, der is ek in Stifting Evenemintenterrein Haulerwyk. De Haulewelle is it iepenloftswimbad. De filmwurkgroep Haulerwyk hat in filmsearje fan 4 dielen makke: HAULERWIJK IN OUDE BEELDEN. Dêrneist is yn 2006 ek noch in CD makke mai as titel “Alles draait om dokter Beumer”.

TsjerkenBewurkje

Fierder is der in Keninkryksseal, dêr't de Jehova's Tsjûgen gearkomme.

FerieningsBewurkje

  • VV Haulerwyk, Fuotbalferiening Haulerwykse Boys en Haulerwykster Jeugd kombinaasje - fuotbal
  • Follybalferiening Haulerwyk
  • Frysk en Frij - toaniel
  • IT Ljochtbeaken - tsjerklik manljuskoar
  • Histoaryske feriening Haulerwyk e.o.
  • De Earmtakken - karnaval
  • De Draai - reedriden en skeelerjen
  • Wellerobben - swimmen
  • Dikke Wille - darten
  • Lakenvelders - biljerten
  • De Feansjongers - koar
  • Nim it sa 't is - frouljuskoar
  • Dûnswille - folksdûnsjen
  • Excelsior - muzyk
  • Prins Hendrik - jagerskoar

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
  2. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2010-2011