De Bining (Haulerwyk)

De Bining oan de Tsjerkestrjitte yn Haulerwyk is ien fan de twa tsjerken fan de Protestantske gemeente Haulerwyk-Waskemar.

De Bining
bouwurk
Protestantske tsjerke De Bining, Haulerwyk.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Ooststellingwerf wapen.svg Eaststellingwerf
plak Haulerwijk wapen.svg Haulerwyk
adres Tsjerkestrjitte 13
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1852
monumintale status gemeentlik monumint
offisjele webside
Protestanske gemeente Haulerwyk-Waskemar

SkiednisBewurkje

Tsjerklik wie Haulerwyk oant it in selsstannige gemeente waard oriëntearre op Donkerbroek. De earste stien foar de herfoarme tsjerke waard op 30 april 1853 lein. Op 9 jannewaris 1853 waard de tsjerke yn gebrûk nommen. It geveltuorke waard yn 1867 tafoege.

De bekende CHU-politikus en lettere minister Slotemaker de Bruïne hat fan 1894 oant 1916 dûmny west yn de herfoarme gemeente fan Haulerwyk.[1]

Op 10 jannewaris 2010 fusearre de herfoarme gemeente mei de grifformearde gemeente ta de PKN-gemeente fan Haulerwyk-Waskemar.[2]

OargelBewurkje

It earste oargel yn de tsjerke wie in Dútsk harmoanium út 1899 fan oargelmakker Schiedmaijer út Stuttgart. Yn 1903 waard it ferfongen troch in Frânsk Serafine-oargel. It hjoeddeiske piipoargel waard boud troch A.S.J. Dekker út Goes. It Grinslânske oargelbedriuw Mense Ruiter restaurearre it yn 1989.

Keppeling om utensBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: