Blauwe Bosk
De Blauwe Bosk is in 300 hektare grut bosk- en natuergebiet yn de trijehoeke Haulerwyk, De Haule en Waskemar. It wurdt beheard troch Steatsboskbehear.
De Blauwe Bosk tanket syn namme oan de blaueftige kleur dy’t de bosk krijt troch de beammen dy’t dêr groeie. In oare ferklearring fan de namme giet út fan it feit, dat it wurd "blau" eartiids faak brûkt waard yn de betsjutting fan "min, ûnfolweardich". Dat soe passe by it feit dat de bosken oanplante binne op soere fean- en heidegrûnen.
De begroeiïng bestiet yn haadsaak út nuddelbeammen ôfwiksele mei heideterreinen. Fierders binne der útfeante plassen. Op de wiete heidefjilden groeit in soad miggefangerke en pleatslik it skieppeklokje.
-
Fytsbrêge oer de Haulerfeart yn it Haulerfjild
-
Keppel skiep yn de Blauwe Bosk
-
Ofwikseling fan bosk en iepen terrein