It skieppeklokje (Gentiana pneumonanthe) is in oerbliuwende simmerbloeier dy't heart by de gensiaanfamylje (Gentianaceae). De plant wurdt ek wol Duzendskoan neamd.

skieppeklokje
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gensiaaneftigen (Gentianales)
famylje gensianen (Gentianaceae)
skaai gensianen (Gentiana)
soarte
Gentiana pneumonanthe
Linnaeus, 1753

Uterlik bewurkje seksje

It Skieppeklokje kin 60 sm heech wurde. De bloei fynt plak tusken heal july en ein augustus. Guon planten begjinne lykwols earder te groeien. De planten kinne mear as 30 jier âld wurde. Aldere planten hawwe mear bloeistâlen. De blommen binne in donker himelsblau; de blêden binne langwerpich en fan boppe donkergrien. It Skieppeklokje is de ienichste weardplant fan it Gintsiaanblaujurkje.

Fersprieding bewurkje seksje

It Skieppeklokje is wat in seldsume plant wurden. De plant is wetlik beskerme en stiet dan ek op de Reade list. Om de plant te fermearderjen is de Blauwe Brigade oprjochten. Hjirfan kin it Gintsiaanblaujurkje. profiteare. De soarte komt noch it meast foar op wiete heidegrûn. Dêrneist is de plant ek te finen op de Waadeilannen. Bûten Nederlân komt de plant yn hiel de wrâld foar, sels oant Sibearje ta.

 
Skieppeklokje.

Sjoch ek bewurkje seksje