Haadmenu iepenje

De blêdplanten (wittenskiplike namme: Euphyllophyta) foarmje in klade (yn 'e regel beneamd as in stamme) dy’t û.m. de fearplanten (Monilophyta) en de ranke planten (Lignophyta) omfiemet. De wichtichste subklade fan 'e blêdplanten wurdt foarme troch de siedplanten (Spermatopsida), dy't ta de ranke planten hearre. De blêdplanten binne de sustergroep fan de wolvepoaten en ruskfearren (Lycophyta) en in pear útstoarne plantegroepen.

Blêdplanten
Sinneblom (Helianthus annuus), in typyske fertsjintwurdiger fan de Euphyllophyta mei grutte kompleks nerve blêden
Sinneblom (Helianthus annuus), in typyske fertsjintwurdiger fan de Euphyllophyta mei grutte kompleks nerve blêden
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
rangleas takson: draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
Kenrick & Crane, 1997

De Euphyllophyta soene ûntstien wêze yn it Devoan, sawat 420 tot 380 miljoen jier lyn.

De klade is foar it earst beskreaun troch Kenrick en Crane yn 1997. Se wurdt troch guon auteurs de rang fan ûnderstamme takend en wurdt dan ek wol Euphyllophytina genoemd.

Nammejouwing en etymologyBewurkje

De wittenskiplike namme Euphyllophyta is ôflaat fan it Ald-Grykske eu (goed, echt), phyllo (blêd) en phyton, (plant) en ferwiist nei de oanwêzigens fan ‘echte’ blêden. De sustergroep fan de Lycophyta dêrfoaroer ha mikrofyllen, dy’t evolúsjonêr net te ferlykjen binne (net homolooch) mei makrofyllen (= "echte blêden").

SkaaimerkenBewurkje

Euphyllophyta ûnderskiede har troch de oanwêzigens fan eufyllen en makrofyllen, grutte, flakke blêden mei fertakke nerven, yn tsjinstelling ta de Lycophyta en âldere plantegroepen, dy’t inkeld mikrofyllen, lytse, linefoarmige blêden mei in inkelde nerf, hawwe. It is noch net dúdlik oft de makrofyllen mar ienkear ûntstien binne by de earste Euphyllophyta, of yn beide klades apart ûntstien binne.

Oare morfologyske skaaimerken dy’t de Euphyllophyta ûnderskiede fan oare plantegroepen:

Genetysk is de groep skaaimerke troch in ynferzje fan 30.000 nukleotiden yn it ‘Large Single Copy’- (LSC)-gebiet fan it gloaroplastgenoom.

Fylogeny en taksonomyBewurkje

Neffens de klassifikaasje fan Kenrick en Crane binne de Euphyllophyta de sustergroep fan de Lycophyta (wolvepoaten en ruskfearren). Mei in tal útstoarne groepen foarmje se de klade Tracheophyta (fearplanten). Fearplanten en fearplanteftigen binne dus nauwer besibbe oan de siedplanten (beide ha se in mienskiplike foarâlder) as oan de wolvepoaten.

Stambeam fan de Euphyllophyta, de blêdplanten

De klade omfiemet twa subklades, de Monilophyta mei sawat 9.000 soarten spoaredragende fearplanten en feareftige planten lykas de hynstesturtfamylje en de Lignophyta. Fan dy lêste besteane allinnich noch de Spermatophyta of siedplanten, mei sawat 260.000 soarten de súksesfolste plantegroep.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: