De stâle is njonken de woartel it wichtichste ûnderstypjende diel fan in plant, dat fuort boppe de grûn begjint en meastal trochrint oant de top of krún fan 'e oangeande plant. By houtplanten wurdt de stâle de stam neamd. De stâle jout planten stevichheid en soarget foar it ynterne transport fan fiedingsstoffen út sawol de woartels as de blêden. Dêrnjonken fynt de groei fan in plant (sawol yn 'e lingte as yn 'e omtrek) benammentlik plak yn 'e stâle.

De stâle fan in toarnbosk.

Mei de woartels en de blêden is de stâle ien fan 'e trije basisûnderdielen fan planten. Hy bestiet út lidden (of ynternodiën) en knopen (of nodiën). De knopen binne de grouwere dielen fan 'e stâle, dy't knoppen befetsje. Dy kinne útgroeie ta blêden en nei ferrin fan tiid, by beskate soarten, ta súdtûken. Oan 'e top fan 'e stâle sit in groeipunt, dat by krûden yn 'e fegetative faze fan 'e plant blêden foarmet, en yn 'e generative faze blommen. By guon houteftige gewaaksen binne tagelyk sawol blêdknoppen as blomknoppen oanwêzich. By klimplanten is de eigen stâle net stevigernôch om op te stypjen; sokke planten wine har om oare gewaaksen hinne en brûke sa de stâlen fan oare planten foar stevichheid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.