Waskemar

Waskemar is in doarp yn it noarden fan de gemeente Eaststellingwerf oan 'e grins mei Opsterlân. It doarp hat 835 ynwenners (2022). It krige yn 1954 de doarpsstatus, dêrfoar hiet it Haulerwyk-Beneden en noch earder Cruijmte (Kromte).

Waskemar
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Emblemen
Waskemeer vlag.svg
Sifers
Ynwennertal 835 (2022) [1]
Oerflak 5,78 km², werfan:
lân: 5,76
wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 145 ynw./km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Ooststellingwerf flag.svg Eaststellingwerf
Oar
Postkoade 8434
Koördinaten 53° 04' N 6° 16' E
Offisjele webside
Side Waskemar
Kaart
Waskemar (Fryslân)
Waskemar

Waskemar wurdt ek Beneden Haulerwijk en Grut Waske Meer neamd. De namme is ûntliend oan in heidemarke, dat sawat twa kilometer nei it west leit. It marke hjit de Waskmar, dêryn waard de skiep wosken.

SkiednisBewurkje

 
De feart nei Haulerwyk

De skiednis fan Waskemar sette yn 'e earste helte fan de 18e iuw útein mei it trochgraven fan in feart fan de Mandewyk nei eastlike rjochting, de oarsprong fan it lettere doarp Haulerwyk. Yn dy tiid waard Waskemar noch as De Kromten oantsjut. It fean waard doe besit fan de famyljes Lycklama à Nyeholt, Tjeard fan Aijlva, Livius Dirk fan Andringa en Daniel de Block. De famylje Lycklama à Nijeholt wie tusken 1647 en 1862 in famylje fan grytmannen. Yn 1758 waard der lânbougrûn frijjûn en Waskemar wie al yn 1765 in aardich doarp, dêr't njonken ferfeaning ek turf stutsen waard. Yn 'e earste helte fan de 19e iuw ferskode it sintrum fan de ferfeaning nei Haulerwyk; yn Waskemar wie it doe dien mei de feanterij.[2]

Yn 1849 docht op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff bliken dat der oan beide kanten fan de feart al kilometerslange bebouwing stie. De westlike hoeke fan Beneden Haulerwyk wie doe noch net ticht beboud. Waskemar hie al ier in skoalle, dy' t yn 1858 fernijd waard. Yn 1896 krige it doarp ek in kristlike skoalle. Yn de 19e iuw ûntstie ek de grifformearde tsjerke, dy't in grutte oanhing krige yn de doarpen Waskemar en Haulerwyk.

Yn de Twadde Wrâldkriich krige Simon van Hasselt yn 1941 dien as haad fan de iepenbiere legere skoalle fanwegen syn joadske komôf. Mei syn frou Geertje van Nieweg en syn twa dochters ferhûze er dêrnei nei Wynskoat, dêr't er fan de besetter in joadske skoalle stiftsje moast. Op 12 febrewaris 1943 waard de hiele hûshâlding yn Auschwitz fergast.[3] Ta neitins oan de joadske doarpsgenoaten binne der fjouwer stroffelstiennen lein oan de Master van Hasseltwei 11. Njonken dy strjitte waard ek de iepenbiere basisskoalle fan Waskemar nei Simon van Hasselt ferneamd.

Doe't Waskemar yn 1953 de status fan doarp krige, is it nei in poel op 'e Duerswâldmer Heide ferneamd, dy’t westlik fan it doarp oan 'e Leidyk op it grûngebiet fan Opsterlân leit.

Likernôch in heale iuw letter kaam op der dy hoeke in koöperative suvelfabryk ta stân. Wer in lytse iuw letter waard it fabryk, dat troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillei, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.

Súdwestlik fan it doarp waarden om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Peter Wilhelm Janssen lânoanmakkerspleatsen stifte. By it doarp steane súdlik fan de Leidyk oan de Duerswâldmer Heide noch in tal pleatsen fan dy Janssenstifting. Oan de doarpsgrins ûntstie oan wjerskanten fan de Leidyk in bedriuweterrein.

MienskipBewurkje

 
Kafee fan Waskemar

It doarpshûs hjit ’t Ald Leger en de doarpskrante de Waskemare. Door Eendracht Sterk, koartwei DES, is de feriening foar Doarpsbelang. Der binne wol 8 buertferienings: Fan Brêge oan’t Bocht, Foar Teake Del, Het Klaverblad, Kruisweg/W. Kroezestrjitte, Mei Inoar Ien, Middenbuert, Roel en Poel en ’t Heideblomke.

TsjerkeBewurkje

SkoalleBewurkje

FerieningsBewurkje

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2009 2022
Ynwenners 916 925 939 823 812 864 858[4] 835

StrjittenBewurkje

 
Kompanjonswei
  • Alde Wyk - earste feart yn it doarp.
  • Bakkefeansterwei - wei nei Bakkefean.
  • Biskopswei - namme komt fan biskopsleger en Biskopswyk. It wienen stikjes grûn om de Breeberchskâns.
  • Breebergwei - Breeberch wie in fersterking út 1593 dy't oanlein waard troch Willem Loadewyk, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân.
  • Kompanjonswei -
  • De Fenne - stik lân dat ± 1800 al sa neamd waard.
  • De Kromten - (Ald-Nederlânsk: De Cruijmten) wie de namme fan in feart wêrút de dwersfeart nei Haulerwyk dold is. It is de âldste namme út de skiednis fan Waskemar op in kaart út 1748.
  • Feikemastrjitte - De hear Feikema wie earst opsjenner by de Kompanjons, letter waard hy boargemaster fan Eaststellingwerf.
  • J. Roelswyk -
  • Krúswei - âlde namme.
  • Leidyk - De Leie is in stik ta kultuergrûn oanmakke deltegrûn tusken twa wiken. In leidyk beskermet kultuergrûn tsjin it fan heechfean kommende soere wetter.
  • P.W. Janssenwei - P.W. Janssen wie oprjochter fan de Janssenstifting. Hy hat de winst oan de skippersbern skonken.
  • Skânsdyk - dyk nei de skâns Breeberch.
  • Skânsmarwei -
  • Sint Baronstrjitte - Sint Baron wenne oan de Haadwei oan de feart op de hoeke dêr't dizze strjitte útkaam. De oanwenjenden moasten lâns de Bakkfeansterwei. De hear Baron ferliende rjocht fan paad.
  • Van Hasseltwei - Master S. van Hasselt wie yn de Twadde Wrâldoarloch haad fan de iepenbiere legere skoalle en is yn de besettingstiid omkomd yn Dútske finzenskip.
  • Wykwei - wei nei de wyk ta.
  • Wijndelswei - David George Wijndels wie neist de famylje à Nijeholt ien fan de kompanjons dy’t ferantwurdlik wienen foar it graven fan de Drachtster Kompanjonsfeart dêr’t de Haulerwykster Feart no in ûnderdiel fan is.
  • Willem Kroezestrjitte - ek de skoalle is nei Willem Kroeze neamd.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Geschiedenis fan Oostellingwerfse Dorpen, Dr. T.H. Oosterwijk1986, Stichting Stellingwarver Schrieversronte
  3. Joods Monument, oproppen 28 maart 2023
  4. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010

 
Plakken yn de gemeente Eaststellingwerf
 
Haadplak: Easterwâlde
Doarpen en útbuorrens: AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen: AakingeaAlde Willem (foar in part) • BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • NanningaNije FeartPetersburch (foar in part) • PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd