Stroffelstien
In stroffelstien (in letterlike oersetting fan it Dútske Stolperstein) is in betonnen kubus fan tsien sintimeter grut mei in messing plaat dêr't de namme en de libbensdatums fan de slachtoffers fan de nazy-ferneatiging of - ferfolging op steane. It is in projekt fan de Dútske keunstner Gunter Demnig (Berlyn, 1947).

Demnig set dizze tinktekens sûnt 1992 yn it trottoir foar de eardere wenhuzen fan minsken dy't troch de nazi's ferdreaun, deportearre, fermoarde of ta selsmoard dreaun binne. Dizze Stolpersteine dogge Joaden, Sinty en Roma, politike finzenen, tsjinstwegerers, homoseksuelen, Jehova's tsjûgen en hendikepten te binnen bringen. Hoe't Demnig oan de namme Stolpersteine kommen is wit er sels net mear, mar hy sitearret mei ynstimming in skoalbern: Man fält nicht über die Stolpersteine, du stolperst mit dem Kopf und dem Herzen ('Jo falle net oer de stroffelstiennen, jo stroffelje mei de holle en it hert').
Alle stroffelstiennen waarden lange jierren troch Demnig sels mei de hân makke en pleatst. Fanwegen de ferskuorrend flugge ûntjouwing fan it projekt, lit er him sûnt 2005 stypje troch in freoan, de byldhouwer Michael Friedrichs-Friedländer, dy't de stiennen makket. Demnig set de earste stroffelstien yn in gemeente noch altyd sels. As der dêrnei opnij stroffelstiennen pleatst wurde, kin dat yn oerlis troch de lokale mienskip dien wurde.
Fan juny 2021 ôf wurde ek yn Amsterdam stroffelstiennen makke. Der wie dêr in lange wachtlist ûntstien foar pleatsing. Om dat flugger ferrinne te litten wurde de stiennen net mear allinnich yn Dútslân, mar no ek yn Amsterdam produsearre, by it Goethe-Ynstitút oan de Hearegrêft. Yn novimber 2022 wiene dêr al 2500 Stolpersteine makke. Op 17 desimber 2021 waarden op de lokaasje Amstel 3 de 999e en tûzenste Nederlânske stroffelstiennen lein, as earbetoan oan de antikêr Louis Lamm en syn dochter Ruth Fanny. Yn 2022 leine yn Amsterdam mear as tûzen stroffelstiennen. Yn maaie 2023 waard yn Neurenberch de 100.000ste stroffelstien lein.[1]
Stroffelstiennen yn NederlânBewurkje
In kar:
yn Culemborg
yn Grins foar fiif fersetsstriders
Stroffelstiennen foar de famylje De Vries yn Harns
Yn Tiel foar in Jehova's tsjûge
Stroffelstiennen foar Levi en Hendrica Mendels yn Wolvegea
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stolpersteine fan Wikimedia Commons. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Struikelstenen in Nederland fan Wikimedia Commons. |