Berlin-Charlottenburg

Charlottenburg is in wyk yn it Berlynske distrikt (Bezirk) Charlottenburg-Wilmersdorf yn Dútslân. De hjoeddeiske wyk is ûntstien in 2004 troch it partsjen fan it grûngebiet fan de eardere distrikt Charlottenburg. De wyk hat 119.857 ynwenners (#1 desimber 2011) en in oerflak fan 10,6 km².

Charlottenburg
Charlottenburg

Oant 1920 wie Charlottenburg in selsstannige en wolwêzende stêd bewesten it âlde Berlyn. By de foarming fan Grut-Berlyn yn 1920 waard Charlottenburg in selsstannich distrikt yn Berlyn. By de gemeentlike reorganisaasje yn 2001 fúsearre it mei it distrikt Wilmersdorf. Yn 2004 folge in nije yndieling fan it fúzjedistrikt, wêrtroch't it eardere distrikt Charlottenburg yn de hjoeddeiske wiken Westend, Charlottenburg-Nord en Charlottenburg ferparte waard.

Charlottenburg leit beëasten de Havel en foar it grutste part besuden de Spree yn in troch de rivierren foarme hoeke. Allinnich de wyk Charlottenburg-Nord leit benoarden de Spree.

 
Slot Charlottenburg
 
Rathaus Charlottenburg

Yn de rin fan de midsiuwen hawwe der trije delsettings bestien op it gebiet fan Charlottenburg: Lietzow, Casow en Glienicke. De trije nammen hawwe in Slavyske oarsprong, mar hat der nei alle gedachten in mingeling fan Slavysk-Dútske minsken west. De stêd Charlottenburg is ûntstien nei't keninginne Sophie Charlotte, frou fan kening Freark I van Prusen de simmerpaleis Lietzenburg bouwe liet. Koart nei har ferstjerren krige de lytse delsetting tsjinoer it paleis op 5 april 1705 fan Freark I de namme Charlottenburg. Tagelyk krige it plakje stedsrjochten. De namme fan paleis Lietzenburg waard feroare yn Slot Charlottenburg. It paleis waard letter ien fan de residinsjes fan de Prusyske keningen en wie wynliken in residinsjestêd. De stêd ûntjoech him yn de rin fan de 18e en 19e iuw as bûtengebiet fan de befolking fan de hurd waaksende stêd Berlyn. Fanôf 1865 kaam in hynstetram en yn 1866 ûntstie bewesten Charlottenburg de fillawyk Westend. Troch de tanimmende populariteit luts de stêd rike Berliners oan dy benammen oan de ferbiningsstrjitten tusken it paleis en Berlyn festigen. De stêd groeide út ta in stêd mei wide strjitten, parken, grutte wenten, teäters, ymposante iepenbiere gebouwen ensfh. Yn 1884 wie de bou fan in technyske universiteit reekommen. Yn 1893 hie de stêd 100.000 ynwenners en yn 1910 al 306.000 ynwenners. Yn 1905 wie der in ymposant stêdhûs boud. Op 1 oktober 1920 waard de stêd de sande distrikt fan Grut-Berlyn yn it ramt fan de Groß-Berlin-Gesetz. In grut part en benammen yn it eastlike part fan Charlottenburg wie troch bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich ferwoaste. De Kaiser-Wilhelm-Gedächtniskirche waard yn tsjinstelling fan eardere plannen net weropboud. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Berlyn yn 4 sektoaren ferdield troch de Alliëarden. Charlottenburg kaam yn de Britske sektor te lizzen. Om't it âlde sintrum fan Berlyn yn de Sowjetsektor lei, ûntstie rûn it Zoologischer Garten en de Kurfürstendamm in nij sintrum. Yn dizze omkriten hat him yn de 1920er jierren al in libbende wyk (Neuer Westen) mei in heech stêdlik karakter ûntjûn, dy mei de binnenstêd konkurrearje. Fanôf de 1950er jierren waard der warber boud oan heechbou, benammen flats.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Kaiser-Wilhelm-Gedächtniskirche
 
Theater des Westens

Iepenbiere gebouwen

bewurkje seksje

Kulturele ynstellings

bewurkje seksje
  • Gundlach, Wilhelm: Geschichte der Stadt Charlottenburg. Berlyn (Springer) 1905
  • Historische Kommission zu Berlin; Helmut Engel et al. (Hrsg.): Geschichtslandschaft Charlottenburg. Charlottenburg, Teil 1 - Die historische Stadt. Berlyn (Nicolai) 1986, ISBN 3-87584-167-0
  • Kimmel, Elke/ Oesterreich, Ronald: Charlottenburg im Wandel der Geschichte. Vom Dorf zum eleganten Westen, Berlyn 2005. (De skiednid fan it distrikt yn wurd en byld)
  • Peuser, Clemens Maria/ Peuser Michael: Charlottenburg in königlicher und kaiserlicher Zeit – Die reichste Stadt Preußens, São Paulo 2004

Keppeling om utens

bewurkje seksje