Synagoge
In synagoge (Gryksk foar hûs fan gearkomst; Hebriuwsk: Beit Knesset of Beis Knesses - בית כנסת') of sjoel (Jiddysk, komt fan it Dútske Schule, 'skoalle') is yn it joadendom in gebedshûs en mienskipshûs, dêr't religieuze gearkomsten holden wurde. Yn (ortodokse) synagoges wurde yn it generaal 22 tsjinsten yn de wike holden. De tsjinsten dy't de measte minsken lûke binne dy fan de 'hege feestdagen' Jom Kipoer en Rosj Hasjana folge troch dy fan de oare feestdagen en sjabbat.
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Synagoge fan Wikimedia Commons. |