In Hynstetram is in tram dy't lutsen wurdt troch hynstetraksje. Ofhinklik fan de grutte fan de wein steane der ien of twa hynders foar.

Hynstetram op de line Harkesyl-Makkum
Hynstetram yn Stokholm, 1877

De hynstetram is yn de 19e iuw ûtstien út de omnibus, dy't gebrûkt meitsje moast fan faak minne diken. It reizgerskomfort fan de tram wie in stik better omdat dy op rails ried.

De earste hynstetram ried yn 1832 yn Manhattan, yn New York yn de Feriene Steaten. De earste hynstetramline yn Nederlân waard yn 1864 iepene en rûn fan De Haach nei Scheveningen, de Oude Scheveningseweg bylâns. Yn 1875 waard yn Amsterdam (Amsterdamsche Omnibus Maatschappij) de earste hynstetramline iepenen en yn 1879 krige Rotterdam (Rotterdamsche tram) syn hynstetram.

Tusken 1920-1929 makke de autobus bot opgong en dat betsjutte de ein fan de measte hynstetrams. De lêste hynstetram yn Nederlân ried yn 1930 tusken Makkum en Harkesyl yn Fryslân.


Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Hynstetram – foto, fideo en harktriemmen