Haadmenu iepenje
Petersburch mei brêge oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart

Petersburch (Stellingwerfsk en Nederlânsk: Petersburg) is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Petersburch leit noardwestlik fan Donkerbroek en súdwestlik fan Waskemar. Oan de oare kant fan de N381 leit 'e buorskip Moskou

Ferklearring fan de nammeBewurkje

Ein 18e iuw soe turfstekker Pieter Blauw him dêr nei wenjen set hawwe en makke fan syn hûs in kroech. As tekst stie op syn úthingboerd: "Ik woon hier aan de weg. Wat heb ik meer te wenschen. Dan zegen van de heer. En gunst van alle menschen". Doe't de kroech nei ferrin fan tiid yn ferfal rekke waard it hûs Pieters burcht neamd. Dy namme soe letter ferbastere wêze ta Petersburch. Bewiis foar dy ferklearring fan de namme is der lykwols net. Nei alle wierskyn is de buorskip ferneamd nei de Russyske stêd Sint-Petersburg.[1]

Petersburch leit oan de Turfrûte.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gildemacher, dr. K.F. Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten s. 194, Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert, 2007, ISBN 978 90 330 0643 2