Koartsweagen is in earder doarp yn de gemeente Opsterlân, mar no in buorskip yn 'e himrik fan De Gordyk. It leit oan de N392 yn it súdeasten fan De Gordyk. It doarp is troch de grutte útwreiding fan de Gordyk oan de flekke fêstgroeid. Tusken 1954 en 1964 sakke it ynwennertal fan 1110 nei 953. Yn de jierren fyftich is de Dwersfeart tichtsmiten.

Tsjerke fan Koartweagen
  De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Koartsweagen).

De tsjerke fan Koartsweagen waard yn 2010 restaurearre. Yn 2010 waard ek úteinset mei de restauraasje fan de dakruter. Der binne twa hearebanken yn de tsjerke foar de fâden fan eartiids en in preekstoel. Oant ein 19e iuw stie der in klokkestoel by de tsjerke. Yn 1896 binne de klokken dêrút ferkocht. Ien fan dy klokken, in ryk fersierde 12e- of 13e-iuwske klok, is ferneamd as de âldste klok fan Nederlân en stiet yn it klokkemuseum yn Asten, yn Noard-Brabân. De klok hat ûnder mear in grut Marijemonogram en yn spegelbyld de tekst 'Ave Maria'. Dy Marijeklok komt nei alle gedachten út de Marijekapel dy't yn de Midsiuwen yn Koartsweagen stien hat. De hjoeddeiske klok yn de dakruter is fan 1947.

Joadsk begraafplak

bewurkje seksje
 
It Joadsk begraafplak besuden Koartsweagen

Om 1800 hinne hat de Joadske gemeente fan de Gordyk yn Koartsweagen oan de Dwersfeart in stik lân oankocht foar in begraafplak. Yn 1947 is de joadske gemeente gearfoege mei dy fan Ljouwert. De gemeente Opsterlân hat it joadske begraafplak noch yn ûnderhâld.

  • Toanielselskip Ienfâld en Freonskip" is 18 septimber 1932 oprjochte yn Koartsweagen.
  • Yn Koartsweagen stiet de Gordykster sporthal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Opsterlân  
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
  ·   ·