Joadske gemeente Ljouwert
De Joadske gemeente yn Ljouwert wie lange tiid it wichtichste joadske sintrum fan it Noarden. Koart nei 1700 wie it de sit fan in opperrabbinaat. Yn 1755 waard de earste offisjele synagoge iepene. Ta it gebiet fan de joadske gemeente Ljouwert hearden ek Dokkum, Kollum en De Westerein.
Skiednis
bewurkje seksjeOant 1940
bewurkje seksjeDe earste joaden yn Ljouwert wurde neamd yn 1645 at it stedsbestjoer opdracht jout alle joadske ynwenners te registrearjen. Der wurdt wol tocht dat se fan Emden (hjir:[1]) yn East-Fryslân kamen. Al yn 1670 waard oan 'Jacob de Jode', in soan fan de Emder rabbyn Mosje Ury HaLevy en fermoedlik deselde as Jacob Moises fan Emden dy't yn 1664 boargerrjocht fan Warkum krige, en syn neef út Kollum tastimming ta it beïerdigjen fan in deade jûn; dat wie it begjin fan it Joadetsjerkhôf by de Aldehou op it bolwurk. Dit begraafplak soe yn 1739, 1760 en 1771 útwreide wurde. Oant 1747 makken joaden út Grins ek gebrûk fan dit tsjerkhôf.
Nei 1670 komme joaden hieltyd wer foar in riedsferslaggen. De ried nimt maatregels tsjin de ynkommende earme, frjemde joaden. Ienkear ynwenner wurde de joaden trochstrings goedwillich behannele. Fan 1740 ôf wurde der in pear talitten by guon gilden, mei alle rjochten dy't dêr by hearden útsein it rjocht ta stemmen van officiers, mar dat bleau in útsûndering. De joadske beropsbefolking bestie fral út slachters, winkelmannen en marskreamers. In protte wiene earm, sy krigen nei 1750 deselde frijstellingen as ynwenners fan oare gesindten.
Fan 1700 ôf wurde der yn Ljouwert godstsjinstoefeningen holden. Yn it earstoan yn in gebou by de Amelânspiip oan de Alde Ie. Dat gebou moasten hja diele mei de katoliken, de oare net offisjeel erkende godstsjinstige minderheid yn it protestantske Ljouwert.
De joadske befolking waakst oan en dat makket in nij begraafplak nedich, dat wurdt ynrjochte oan de Grienewei yn 1786. De kantoaren fan de joadske gemeente, de joadske skoalle en it rituele bad sieten yn de twadde helte fan de 18e iuw oan de Nieuweburen.
It âldste joadske argyfstik, it Sefer Zichronot, jout ynsjoch yn de ynterne konflikten fan de gemeente fan 1754 ôf. It skeel ûnder eigen minsken nei oanlieding fan de boargelike likens fan 1796 kaam in ein oan mei in, troch it froedskip goedkard, reglemint.
De âlde synagoge oan de Sakramintsstjritte wurdt yn 1805 ferfongen troch in nij gebou (mei 300 manljussitplakken en 200 frouljussitplakken) op itselde plak. Yn 1865 wurdt de synagoge noch útwreide, hoewol't de gemeente doe al oer har hichtepunt hinne wie.
Doe't Napoleon ek it tige Oranzjistyske joadendom yn Nederlân nei Frânsk model organisearre, waard Ljouwert de grutste gemeente yn it Noarden, sit fan de grandrabbin en it Consistoire fan de trije noardlike provinsjes. Wichtige rabbinen sa as Berenstein (1773-1838), Löwenstamm (1782-1836) en Dusnus (1811-1886) sloegen der foar master op. Neist in tsjerkebestjoer wie der in earmbestjoer en in stikmannich ponghâlders foar it Hillige Lân. Ferskate ferienings en organisaasjes wienen dwaande mei ûnder oaren sikesoarch, begraffenissen, woldiedigens en Tora- en Talmoedstúdzje. Ek de Alliance Israélite Universelle hie in ôfdieling yn Ljouwert. Yn 1859 waard yn it eardere Oranjekleaster in joadsk âldereinhûs ynrjochte dat yn 1930 sletten is om't er doe te min bewenners wienen. Hoewol't der wol wat joadske intellektuëlen, begoedigen en ambachtslju wienen, hie earmoede de oerhân yn it joadske kertier rûnom de Put. Fan de 1150 joaden yn 1840 krigen 350 út de earmekas. Mei troch dy earmoede gienen in protte út Ljouwert wei.
Tusken 1900 en 1940 naam it ledetal fan de joadske gemeente tige ôf. Doch yntensivearre it joadske libben, wat bliken docht út de oprjochting fan zionistyske organisaasjes, sportferienings, ensafuorthinne. Yn de jierren 1930 waard ek noch in Kring van Joodsche Academici in Friesland oprjochte. Ek yn dy tiid wienen de joaden meast winkelmannen, hannelsreizgers en wiene hja mei hannel oan de streek, mar der wienen ek ambachtslju, professoren, oerheidstsjinners en artsen ûnder. In fetfabryk, in skuonfabryk en in metaalbedriuw hiene in joadske eigner.
1940 - 1945
bewurkje seksjeBy de Dútske ynfal fan maaie 1940 is út Ljouwert wei fergees besocht om 800 joadske flechtlingen út Westerbork nei de stêd te heljen; ein fan maaie moasten sy werom nei it kamp. Ear't it Fryske ûndergrûns ferset goed en wol stâl krige wie it lot fan de Ljouwerter joaden al hast besegele. Yn oktober 1941 waarden de joadske learlingen út it algemien ûnderwiis ferwidere en waard der in aparte legere- en middelbere skoalle iepene. Yn novimber 1941 krige Ljouwert in fertsjintwurdiging fan de Joadske Ried. De earste razzia yn Ljouwert wie op 13 april 1942; de massale deportaasjes sette men yn augustus 1942 mei útein en hawwe duorre oant febrewaris 1943. Fierwei it grutste part fan de Ljouwerter joaden is ombrocht yn de konsintraasjekampen. De oaren wisten troch ûnder te dûken te oerlibjen. Totaal 120 minsken. In oantal bern út oare plakken waard trich it Utertse Bernekomitee yn Ljouwert ûnderbrocht.
De grutte synagoge is yn de besettingsjierren sparre bleaun, lykas it grutste part fan it ynterieur. It argyf fan de Joadske gemeente en in part fan de wetsrollen waard yn it Ryksargyf bewarre, it oerbliuwende guod wie ûnderbrocht by partikuliren yn Berltsum. It oare part fan de wetsrollen lei ûnder it hea by in boer yn Harns. In oare Harnser boer hie de tsjerkesieraden op’e noed. De bibleteek fan it learhûs en de joadske skoalle binne wol troch de Dútsers plondere.
Nei de oarloch
bewurkje seksjeNei de oarloch waard it desimearre joadske libben wer oppakt. De synagoge oan de Sakramintsstrjitte waard in 1948 opnij wijd, mar wie no te grut wurden, dat yn 1964 waard er sletten. In grut part fan it ynterieur en ritele foarwurpen waarden oan it jeugddoarp Kfar Batja, ûnder Ra'ana yn Israel skonken. In oar part gie yn 1986 nei it Joadsk Histoarysk Museum.
Op it Jacobijnerkerkhof, tsjinoer de joadske skoalle is yn 1987 in monumint oprjochte en in oanswettende strjitte hjit nei de deportearre opperrabbyn A.S. Levisson (1902-1945). It Fersetsmuseum Fryslân jout ek omtinken oan de joadeferfolging.
Yn 1980 waard der in nije synagoge yn de Slotmakkersstrjitte ynwijd foar de noch besteande lytse joadske mienskip. It ynterieur komt fan de eardere synagoge fan De Gordyk. Op de Hege Feestdagen wurde dêr tsjinsten holden. De eardere synagoge yn de Sakramintsstrjitte herberget in dûnsskoalle en tsjinet op heechtijdagen as joadsk moetingssintrum. Yn 2005 waard it 200-jierrich bestean fan dizze synagoge fierd en waard in plakette oan de bûtenmuorre pleatst.
Yn 1998 hat de stichting Boete en Verzoening it joadske begraafplak nij opmakke.
Tal joaden yn Ljouwert en omkriten
bewurkje seksje- 1754: 140
- 1798: 433
- 1809: 647
- 1840: 1169
- 1869: 1205
- 1899: 889
- 1930: 733
- 1951: 139
- 1971: 57
- 1998: 45
Literatuer
bewurkje seksje- Hartog Beem; De Joden van Leeuwarden, Van Gorkum, Assen 1974
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Side Joadske Gemeente Ljouwert
- [2] Joaden yn Ljouwert (ned)
- [3] Jiddysk Festival Ljouwert (ned)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Joden, Bezettingstijd. |