Hartog Beem
Hartog Beem (Hurderwyk, 13 desimber 1892 - Rotterdam, 1 desimber 1987) wie in learaar Dútsk en pionier op it mêd fan de mediene-skiednisskriuwerij en saakkundige fan it Westjiddysk.
![]() Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is. |
---|
Hartog Beem | ||
![]() | ||
H. Beem (fierst rjochts) by de útrikking fan de Sulveren Anjers yn 1970 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 13 desimber 1892 | |
berteplak | Hurderwyk | |
stoarn | 1 desimber 1987 | |
stjerplak | Rotterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | learaar Dútsk | |
aktyf as | Skiedkundige |
Wurkpaad
bewurkje seksjeBeem waard grutbrocht yn de lytse joadske gemeente fan Hurderwyk. Nei it heljen fan de MULO en de kweekskoalle waard hy ûnderwizer, ûnder oaren yn De Helder en Zierikzee. Yn de jûnsoeren studearre er Dútsk. Augustus 1929 folge syn beneaming as learaar Dútsk oan de gemeentlike HBS yn Ljouwert, dat soe er bliuwe oant 1958. Yn de jierren 1940-1942 wie er rektor fan it Joadsk lyseum yn Ljouwert, dêrnei moast er mei syn frou ûnderdûke. Beem wie ek tige aktyf yn de Joadske gemeente Ljouwert, sa joech er les yn joadske skiednis en yn Jiddysk.
Nei de oarloch sette Beem útein mei de Joadske skiedskriuwing, benammen oer de mediene, de joadske mienskippen bûten Amsterdam, mar ek oer bygelyks Israel en it sionisme. Syn kollums ferskynden yn it Nieuw Israëlietisch Nieuwblad.
Privee
bewurkje seksjeYn 1920 boaske Beem oan Rosette Kannewasser († 1973), sy krigen trije bern. De âldste ferlear al foar de oarloch it libben by in autoûngemak. De twa oare bern waarden yn de oarloch fermoarde yn in ferneatigingskamp.
Wurk (kar-út)
bewurkje seksje- Jeroscha (1959)
- Uit Mokum en de mediene (1974)
- De Joden van Leeuwarden, Van Gorkum, Assen (1974)
- Pinkas, Geschiedenis van de Joodse Gemeenschap in Nederland, mei J. Michman, en D. Michman ; Ede/Antwerpen 1985, Kluwer/ Jeruzalem 1985, Yad Vashem.
- De Verdwenen Mediene, Mijmeringen over het vroeger joodse leven in de provincie
Priis
bewurkje seksje- 1980 Piter Jellespriis, foar syn wurk oer alle aspekten fan it Joadske libben yn in miene, en fan de Ljouwerter Joadske mienskip yn it bysûnder.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Hartog Beem by de joodsebibliotheek.nl mei foto.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|