Piter Jellespriis
De Piter Jellespriis is in literêre priis dy't yn 1973 ynsteld is troch de gemeente Ljouwert. Nammejouwer fan de priis is de yn Ljouwert berne dichter-steatsman Pieter Jelles Troelstra (1860-1930), dy't yn syn skriuwerij syn namme faak op de Fryske manear skreau: Piter Jelles.
De priis waard fan 1974 oant 1992 ien kear yn de twa jier útrikt. Dêrnei ien kear yn de fjouwer jier.
Priiswinners
bewurkje seksje- 1974 - Tabe Beintema foar syn aktiviteiten op it gebiet fan de Fryske literatuer.
- 1976 - Theun de Vries foar syn oersetting nei it Nederlânsk fan In memoriam fan Douwe Annes Tamminga.
- 1978 - Sjoerd van der Schaaf - Skiednis fan de Fryske Biweging.
- 1980 - Hartog Beem foar syn wurk oer alle aspekten fan it Joadske libben yn in miene, en fan de Ljouwerter Joadske mienskip yn it bysûnder.
- 1982 - Jacob Kalma foar syn biografyen.
- 1984 - Sjoerd Leiker foar syn wurk fan nei de oarloch.
- 1986 - Douwe Annes Tamminga - De boumasterfan de Aldehou.
- 1988 - Pieter Terpstra foar al syn wurk, en foar syn ynset foar it kulturele libben yn Fryslân.
- 1990 - Rod Jellema foar Country Fair en The Sound that remains, twa boeken mei oersettings nei it Ingelsk fan Fryske poesij.
- 1992 - Net takend.
- 1997 - Kees 't Hart - Blue Curaçao.
- 2002 - Tineke Steenmeijer-Wielenga - De oare helte, en yn it miene it wurk dat se docht foar it Fryske literêre libben.
- 2006 - Nynke Laverman - foar har 1e programma/cd "Sielesâlt", dêr't se gedichten fan J. J. Slauerhoff yn it Frysk foar oersette.
- 2011 - Aggie van der Meer, histoaryske roman ‘De Oerfeart'.
- 2015 - Net takend
- 2016 - Nyk de Vries foar syn roman Renger
- 2019 - Poëzijprojekt Poetic Potatoes fan De Bildtske Jirpelwiken