Sjoerd van der Schaaf

Sjoerd Thomas van der Schaaf (De Gordyk, 1 april 1906 - Oentsjerk, 8 juny 2006) wie in Fryske sjoernalist, dichter en skriuwer.

Libben en wurk bewurkje seksje

Van der Schaaf waard grutbrocht yn in polityk bewuste sosjaal-demokratyske húshâlding dêr 't belangstelling wie foar boeken en kultuer. Syn heit wie ûnderwizer en aktyf as Frysktalich skriuwer en publisist yn tydskriften en kranten. Sjoerd wie in neef ('muoikesizzer') fan de skriuwster Nine van der Schaaf. Fan 1918 -1923 folge er de Ryks-HBS op It Hearrenfean wêrnei 't er earst in baan hie as gemeente-amtner.

Yn 1931 krige Van der Schaaf in oanstelling as sjoernalist by it Nieuwsblad van Friesland, better bekend as 'De Hepkema'. Hy stapte al moai gau oer nei Het Volk, it sosjaal-demokratysk deiblêd mei edysjes foar ferskate regio's fan it lân. Fan 1934-1942 wurke er foar de Fryske edysje. Nei syn ûntslach droech er by oan it fersetsblêd Je Maintiendrai.[1]

Nei de befrijing waard Van der Schaaf haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, dy't letter de Friese Koerier hjitte soe. Syn adjunkt en opfolger dêr wie Fedde Schurer. Yn 1951 gie Sjoerd van der Schaaf út Fryslân wei om by de Utertske edysje fan Het Parool te wurkjen. Hy wie dêrnei jierrenlang polityk kommentator fan it Parool oant en mei syn pinsjonearring.

Nei syn pinsjonearring gie Van der Schaaf werom nei Fryslân en fêstige him yn Oentsjerk. Dêr skreau hy romans, ferhalen en gedichten yn de Fryske taal. Yn opdracht fan de Fryske Akademy skreau hy in histoarysk oersjoch fan de Fryske beweging, in streaming dy't opkaam foar de erkenning fan de Fryske kultuer. Mei dizze Skiednis fan de Fryske beweging wûn hy yn 1978 de Piter Jellespriis. Yn 1983 wûn hy foar syn roman De bijekening de Gysbert Japicxpriis.

Wurk bewurkje seksje

  • It geheim fan de Greate Wielen. In ferhael út de krisisjierren (1941, 2de pr. 1970)
  • Abbingawâld ( 1947, Yn 1999 2e pr. yn 'e rige fan de Fryske Klassiken. Yn 1947 Nederlânske oersetting: Abbingawoud)
  • De wûndere simmer fan Jurrit Jongema (novelle, 1957)
  • De Bijekening (1981, 2de pr. 1983)
  • De Lawine (ferfolch op De Bijekening, 1988)
  • It gefal Hjerre Bijker en oare ferhalen (1965)

Ferskaat bewurkje seksje

  • Afscheid van de mythe. Yn: Friesland 1945-1970. s. 179-201, 1945)
  • Geart Lourens van de Zwaag (1858-1923) De kloklieder fan de Súdeasthoeke (1958)
  • Skiednis fan de Fryske Biweging (1977)
  • Reboelje yn de Dongeradielen 1749 ( Oerset troch Sj. van der Schaaf, nei D.P. Keizer, 1981)
  • Planetarium. Fryslânrige: nû.14. Mei Popke Popma (1985)
  • De belofte gestand gedaan. Geschiedenis van de Friese Stichtingen 1940-1945 (1985)
  • Fries Letterland. Poëzie en proza op Friese bodem, Pieter Terpstra, s.197 (1987)

Prizen bewurkje seksje

  • 1978 Piter Jellespriis foar Skiednis fan de Fryske Biweging
  • 1983 Gysbert Japicxpriis yn 't foarste plak foar syn roman De Bijekening, mar ek syn earder oeuvre wurdt mei eare neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske skets troch Tineke J. Steenmeijer-Wielenga, Abbingawâld, 1999, p. 280-283, opnommen yn de DBNL. De kaairoman Abbingawâld (Beetstersweach) ferskynde foar it earst yn 1947 en is in klassiker út de Fryske literatuer.