De Hepkema
De Hepkema (offisjeel Hepkema's Courant) waard oprjochte yn 1874 en waard as it Nieuw Advertentieblad laat troch J. Hingst, Jacob Hepkema en Mindert Evert Hepkema, nei 1878 troch de Hepkema's. Dy fielden krekt wat lêzers fan in neutraal streekblêd foar Midden- en Súdeastfryslân fregen. Soks wie oars as lêzers wend wiene. Jacob makke 'De Hepkema' ta in sukses.
Hichtepunt
bewurkje seksjeDe krante wie oant 1878 in wykblêd, doe twa kear wyks oant 1930 en dêrnei trije kear. Sûnt 1901 wie it it Nieuwsblad voor Friesland. Om 1930 hinne wiene der op it hichtepunt 30.000 lêzers. Yn de boeken fan Rink van der Velde wurdt De Hepkema geregeld neamd.
Neitiid
bewurkje seksjeYn 1942 krige De Hepkema in NSB-haadredakteur optwongen en wie fan april 1942 - maaie 1947 ferbean. Tusken 1947 en 1951 ferskynde de Hepkema fiif kear wyks, mar ferlear dochs de striid mei de Heerenveense Koerier sadat it 'Nieuwsblad voor Friesland' ferdwûn troch op te gean yn it Nieuwsblad voor Zuid-Friesland.
De Keninklike Bibleteek hat de argiven fan De Hepkema digitaliseare en sûnt novimber 2011 op har website stean.
Haadredakteuren
bewurkje seksje- Jacob Hepkema 1874 - 1900
- A.K. Aartsma 1900 - 1936
- Willem Hielkema 1936 - 1942
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |