Jacob Tjebbes Hepkema (Aldskoat, 30 maaie 1845 - Ljouwert 13 july 1919) wie útjouwer en redakteur fan it Nieuwsblad voor Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad. Syn súkses kaam benammen trochdat hy him rjochte op in breder publyk as dêrfoar wenst wie.

Jacob Hepkema
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacob Tjebbes Hepkema
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 maaie 1845
berteplak Aldskoat
stoarn 13 july 1919
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt Underwizer
aktyf as Sjoernalist, redakteur, útjouwer
reden
  bekendheid
redakteur Nieuwsblad voor Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad
Jacob Hepkema mei syn frou Richtje Hoeksta, 1882

Hepkema syn heit hie in herberch yn Aldskoat en gie fan 1867 oant 1870 nei de kweekskoalle yn Haarlim dêr't er les krige fan monsieur Schepers en waard in skoftlang skoalmaster yn Dunegea. Hy ûntduts dat er goed skriuwe koe en fielde him belutsen by it lot fan de arbeidersklasse. Yn dy snuorje skreau er ek de toanielstikken Fjouwer rotten yn ien falle en Lean nei wirken dêr’t er de sosjale ûngelikenens yn oan de kaak stelde. Syn sosjale belutsenenheid en ûntefredenheid mei syn krappe skoalmasterssalaris, makken dat er sollisitearre by in krante yn Doetinchem. De krante gong lykwols fallyt.

Fan hûs út hie Hepkema de jefte om te skriuwen meikrigen fan syn heit en syn pake. Boppedat wie hy tige ynteressearre yn sosjale kwstjes. Sadwaande fielde hy him oanlutsen ta de sjoernalistyk. Letter is Hepkema ferhuze nei It Hearrenfean en krige in baan oanbean by drukkerij Hingst (fan de Heerenveensche Courant) yn it pân oan de Fleismerk, wêr't no it Evangelysk Boekhûs 'De Brug' sit en eartiids boekhannel Sevensma. Hy waard letter kompanjon.

Fan begjin ôf oan joech hy al oan dat er yn It Hearrenfean in krante útjaan woe. De perioade yn Doetinchem wie net om’e nocht west. Hepkema hie dêr it krantebedriuw goed kennen leard en sjoen dat in krante fral net te djoer wêze mocht. By de ôfskaffing fan it Deiblêdsegel yn 1869, wêrtroch’t kranten goedkeaper waarden, seach er syn kans en sette er yn 1874, yn’e mande mei Hingst, útein mei it Nieuw Advertentieblad. Op 3 jannewaris 1874 kaam it blêd út dat oan de (no tichtsmiten) Molewyk siet.

De krante ferskynde letter oant 1952 ûnder de namme Nieuwsblad van Friesland. De drukkerij c.a. waard ± 1908 oerbrocht nei de Stasjonsstrjitte. Dat pân waard letter brûkt troch siedhannel Wouda en is dêrnei ôfbrutsen. By it earste nûmer hiene har sawat 1.200 minsken abonnearre. De krante kaam ien kear wyks út en de artikelen wienen koart en lêsber en net te stiif. De ûnderwerpen moasten benammen nijsgjirrich wêze en hoegden net perfoarst polityk en ekonomysk fan aard te wêzen. Yn 1894, tweintich jier nei de oprjochting hie it Nieuw Advertentieblad in oplage fan hast sântûzen eksimplaren.

Sjoernalisten wienen eartiids eins kantoarklerken dy't de grutte lanlike kranten neiliezen op nijsgjirrige stikken om dy dêrnei oer te nimmen, mar Hepkema gie nei gearkomsten en prate mei de 'gewoane' man. Hy liet syn ûnderfinings trochskine yn syn artikels oer de saken. Hy ferwurke der sfearbeskriuwings yn en ek dat wie modern foar dy tiid.
Yn 1954 foel it doek foar it Nieuwsblad van Friesland en dêrmei kaam in ein oan it tiidrek fan 'Hepkema 's krante'. Mar Jacob Hepkema bliuwt de man dy't yn Fryslân de parse op it spoar fan de modernisearring sette en soarge dat de krante by brede lagen fan de befolking yn 'e hûs kaam.

Ney syn dea naam soan Tjebbo Hepkema de lieding fan de krante oer. Nei dy syn hommels ferstjerren yn 1929 waard Jacobs soan Mindert Hepkema direkteur.

Op It Hearrenfean is de Hepkemastrjitte nei him neamd dy't fan de Fok yn noardeastlike rjochting nei de Van Maasdijkstrjitte rint. It eastlike brede stik mei plantsoen waard oanlein yn 1932. It westlike stik, oan de fok ta, is al foar 1915 oanlein troch Jacob Hepkema. De namme waard yn 1925 mei takend omdat de famylje Hepkema de saneamde Hepkema's boskjes fergees foar it publyk iepenstelde.

  • Yn Ljouwert wurdt er sûnt 1976 betocht mei de Japik Hepkemawei.
  • Ien fan de pronkstikken fan it Suderseemuseum yn Inkhuzen is de boeier Tjet Rixt. De boeier wie om 1900 hinne fan Hepkema dy’t de boat nei syn dochter (Tjet) en syn frou (Rixt) ferneamde.
  • Pier Abbe Santema, Vooruitstrevende journalistiek in Fryslân, yn It Beaken, fan de Fryske Akademy, jiergong 66 (2004), sd. 240-255.