Deiblêdsegel
De deiblêdsegel wie in segel dêr 't yn de njoggentjinde iuw troch it segelrjocht belesting mei heft waard op deiblêden. In stimpel op 'e krante betsjutte dat it deiblêdsegel betelle wie.
Skiednis
bewurkje seksjeDe belesting waard ûnder de Frânske besetting ynfierd. Yn Nederlân waard de deiblêdsegel yn 1812 ynfierd. Yn de rin fan de njoggentjinde iuw waard it segelrjocht ek útwreide nei advertinsjes. Troch de ekstreme hichte fan dizze belesting, de belesting wie yn 1832 twaenheale sint, wiene kranten mar foar in rike elite beskikber. Boppedat behindere de regeling it oprjochtsjen fan nije deiblêden. In soad koerantiers brûkten de frijstelling foar lytse blêden, troch útjefte fan 'lilliputterpers', meastal opposisjonele periodykjes op tige lyts formaat. De oerheid makke yn 1845 in ein oan dizze praktyk troch tenei elts formaat te belêsten. It protest tsjin de maatregel waard fan goed 1850 ôf hieltyd lûder.
Yn 1867 waard it anty-Deiblêdsegel-ferbûn oprjochte. [1] Yn 1869 brocht Pieter Philip van Bosse de wet ta ôfskaffing fan it segelrjocht op printe stikken en advertinsjes yn nijspapieren ta stân.[2] Kening Willem III, benaud foar politike ûnrêststokerij troch deiblêden, besocht de Earste Keamer noch oer te heljen en fersmyt it wetsfoarstel. Mar mei ûnder druk fan 'e protesten skaft de oerheid it deiblêdsegel mei yngong fan 1 july 1869 ôf. [3] Yn België waard it deiblêdsegel yn 1848 ôftanke. De ôfskaffing fan 'e deiblêdsegel die de priis fan kranten yn 'e helte en soarge foar in sterke tanimming yn 'e mannichte printwurk dy 't produsearre waard. De Leidsche Courant bygelyks, oprjochte as Frânsktalige krante op 23 maart 1677, liet op 30 juny 1869 witte dat de krante tenei, útsein snein - en feestdagen, alle dagen ferskine soe. Foarhinne ferskynde de krante mar trije kear yn 'e wike.
Yn Fryslân seach Jacob Hepkema nei it ôfskaffen fan de belesting syn kans en set yn 1874, yn’e mande mei J. Hingst, útein mei it Nieuw Advertentieblad.
Literatuer
bewurkje seksje- Hemels, J.M.H.J.: De Nederlandse pers voor en na de afschaffing van het dagbladzegel in 1869, Van Gorcum, Assen 1969.
- Rooij, M.: Kranten: dagbladpers en maatschappij, Wetenschappelijke uitgeverij, Amsterdam 1947.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|