Herberch of herberge is de beneaming foar in bedriuw dat tsjin betelling de mooglikheid jout om te iten, drinken en te oernachtsjen. Hjoeddeiske oernachtingsakkomodaasjes wurde ornaris net mear herberch neamd, mar hotel of pensjon. It wurd herberch ferwiist meast nei de ienfâldige hotels fan eartiids.

Theodor Kleehaas: In der Wirtsstube, München, 19e of 20e iuw
Herberch De Lindeboom yn Cattenbroek (Utert), 1729

It wurd herberch komt fan her (= hear, leger) en berch (= berchplak). Yn it Frânsk is it wurd oernomd en bekend as auberge. Yn Ingelân hie men public houses, ôfkoarte ta pubs.

Herbergen stienen meast op plakken dêr't in soad reizgers kamen. Se hienen meastentiids stâlen foar de hyns en ruters en (post)koetsen. Faak koe hjir ek fan hyns wiksele wurde. De wachttiid waard troch de reizgers brûkt om wat te nuttigjen. In stâl dêr't mei hynder en al nei binnen riden wurde koe wurdt wol in trochreed neamd.

Herbergen bestienen út in jachtweide, dêr't iten en benammen dronken waard. Dêrneist wie in romte dêr't sliepen wurde koe. Meastal gjin aparte keamers mar in mienskiplik fertrek. Neigeraden minsken it better krigen, waarden aparte keamers ynrjochte wat úteinlik resultearre yn spesjaal dêrfoar boude foarsjennings, nammentlik hotels.

De behearder fan in herberch wurdt kastlein , taper, weard of hospes neamd.

Sjoch ek bewurkje seksje