In boeier is in Frysk rûnjacht fan hout of stiel, mei in lingte tusken 5,5 m - 12m mei de grûnfoarm fan in Frysk jacht mar mei in foardek en kajútopbou efter de mêst. It is de namme foar in hiele groep skipstypes mar ek foar it type dat heart ta de kromstjûne.

Boeier

De namme soe te meitsjen hawwe mei it oanbringen, it bûgjen en fêstsetten fan hout, tink mar oan de boeisels fan in skip. It type wurdt al neamd yn boarnen út de earste helt fan de 15e iuw. Yn Fryslân binne troch in soad ûndjippe wetters mear skipstypen ûntstien mei swurden ynstee fan in skipskilen. In bekende boeierbouwer wie Eeltsje Holtrop van der Zee dy't tusken 1860-1897 in soad boeiers boude op De Jouwer. Oare bekende werven binne Lantinga en de bruorren Smit fan Kinderdijk dy't ek stielen boeiers boude.

Keppeling om utens bewurkje seksje