Frysk jacht
In Frysk jacht is in iepen rûn jacht mei in lingte oer de stjûnen tusken 5-7m, mei berchhouten en faak klûsboarden en bearetosken. Jachten hawwe in smel roer mei in liuw of in oar symboalysk bist der op. De term rûn jacht hat te krijen mei de horizontale omtrek dy't by in Frysk jacht aairûn is. Dit type boat is boud foar plesierfeart en hat dêrtroch ek in djoere útstrieling.
In bekende Fryske jachtbouwer wie Eeltsje Holtrop van der Zee dy't tusken 1860-1897 in tal jachten boude op De Jouwer. Tsjintwurdich wurde noch jachten boud troch Pier Pieter Piersma yn Heech. Dêr stiet ek houtboumuseum De Helling.