Pier Pieter Piersma
Pier Pieter Piersma (Heech, 1949) is in Hegemer bouwer fan rûne- en platboaiemjachten. Hy komt út in laach fan skipsbouwers dy't de tradysje al yn 1699 begûnen middels skûtmakker Joucke Fetses.
Pier folge in oplieding foar meubelmakker en waard feint op de werf fan skipsbouwer Berend de Jong yn Heech. Dêr learde hy de knepen fan 't fak. Yn 1970 begûn hy in eigen werf. Foar nijbou en opknappen wurdt in soad ikehout brûkt om de houten boeiers, tsjotters en Fryske jachten orizjineel te hâlden. Ek in Staverske jol is op dizze werf boud. Trochdat der in soad ûndjip wettter is en wie yn Fryslân binne der in protte platboaiems ûntstien. It ferfangen fan in kyl troch swurden is hjir in gefolch fan. De skippen wurde krektas eartiids boud 'op it each', der komt gjin tekening oan te pas. In soad wurk is noch krektas eartiids, al binne der wol wat moderne oanpassings. Sa wurdt it bûgen fan planken no mei in gasflam dien.
Doe't in Amerikaan kaam om in âlde tsjotter opknappe te litten woe dy yn Amearika wol op de hichte bliuwe fan it wurk. Piersma hat doe in webcam ophong en dat foarme it begjin fan in eigen webstee.