Gemeente Doetinchem
Flagge fan de gemeente Doetinchem        Wapen fan de gemeente Doetinchem
(Flagge fan Doetinchem) (Wapen fan Doetinchem)
Lokaasje fan de gemeente Doetinchem
Provinsje Gelderlân
Boargemaster Herman Kaiser (CDA)
Haadplak Doetinchem
Oerflak 79,07 km²
Ynwenners 59.659
Ferkearsieren A12 A50 N224 A325 N784
Netnûmer 0314, 0315
Postkoades 7000-7011, 7030-7031
Offisjeel webstee www.doetinchem.nl

Doetinchem (Nedersaksysk: sawol Deutekem as Dörkum) is in stêd en gemeente oan de Alde Isel en leit yn de Achterhoeke, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente hat 59.659 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en hat in oerflak fan 79,07 km2 (dêr't 0,57 km2 fan út wetter bestiet). Dêrmei is Doetinchem de tichtst befolke gemeente fan de Achterhoeke. De befolking is foar goed fjirtich persint fan protestantske sinjatuer en foar sawat likefolle fan katolike komôf. Foar it oare part bestiet de gemeente út guons dy't net tsjerklik binne of moslims.

De gemeente Doetinchem ûntstie op 1 jannewaris 1920 troch de fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Stêd Doetinchem en Amt Doetinchem Op 1 jannewaris 2005 is de gemeente Wehl opheft en oan de gemeente Doetinchem taheakke. Ek waard Zelhemse Broek by de gemeente foege.

Betelle fuotbal

bewurkje seksje

Mei BV De Graafschap hat Doetinchem syn eigen betelle fuotbalklup yn de gemeentegrinzen. It stadion De Vijverberg, dat leit yn it súdeasten fan de stêd, húsmannet de Superboeren.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Gelderlân
 
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
  ·   ·