Skerpenseel (Gelderlân)

Skerpenseel (Nederlânsk en offisjeel: Scherpenzeel, Nedersaksysk: Sjaarpezeil, Sjaarpezeel of Schaarpezeel) is in doarp en gemeente yn de Gelderske Fallei, yn de provinsje Gelderlân mei 10.308 ynwenners (2022). De gemeente Scherpenzeel beslacht it doarp mei deselde namme en in diel fan it buorskip Moorst.

Skerpenseel
Scherpenzeel
Buorren Scherpenzeel 225.JPG
Buorren Skerpenseel
flagge wapen
Flag of Scherpenzeel.svg Coat of arms of Scherpenzeel.svg
lokaasje
NL - locator map municipality code GM0279 (2016).png
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Flag of Gelderland.svg Gelderlân
boargemaster Wimar Jaeger (D66), waarnimmend
sifers en geografy
haadplak Skerpenseel
grutste plak Skerpenseel
ynwennertal 10.308 (1 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 747 / km²
oerflak 13,81 km²
● wêrfan lân 13,79 km²
● wêrfan wetter 0,02 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren NLD-N224.svg, NLD-N802.svg
skiednis
oprjochte 1811
oar
netnûmer 033
postkoade 3925
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.scherpenzeel.nl
Topografyske gemeentekaart fan Skerpenseel

Sûnt 2010 wurket de gemeente Skerpenseel gear yn it gearwurkingsferbân Regio Foodvalley mei de gemeenten Barneveld, Ede, Rhenen, Renswoude, Veenendaal en Wageningen.

SkiednisBewurkje

UntsteanBewurkje

Iuwen lyn wie yn Nederlân noch sprake fan ferskate steatsjes mei oan it haad biskoppen, greven, hartoggen en lânhearen. Se besochten harren macht te fergrutsjen troch harren gebiet út te wreidzjen. Fansels late dat ta ûnderling skeel en oarloggen. Yn grinsgebieten fan de oarloggen waarden fersterkings en ferdigeningswurken boud. Nei alle gedachten wie dat ek sa op de Feluwe, yn it grinsgebiet fan de doetiidske regio’s 'it Stift' (de hjoeddeiske provinsje Utert) en 'Gelre' (no de provinsje Gelderlân). Krekt yn dy grinsgebieten waarden boargen en kastielen boud, dy't brûkt wurde koenen as feilich plak.

Sa jout de namme Scherpenzeel, doe 'Scarpenzele' neamd, oanlieding te ferûnderstellen, dat der neist in delsetting in fersterke hûs west hawwe moat. It lêste diel fan it wurd “zeel” is ôflaat fan “zale” of “sale”, dat seal of hûs betsjut. It easte diel “scherpen” kin in oantsjutting wêze fan de oanwêzigens fan staketsels ofwol in rige skerpe peallen. It soe yn dat gefal dus gean kinne om in fersterke hûs mei peallen der omhinne, it prototype dus fan in âlde boarch of kastiel.

Hûs SkerpenseelBewurkje

 
Hûs Scherpenzeel
 
Koetshûs

Oer it ‘Hûs Skerpenseel’ lêze wy pas wat yn de midden fan de 14e iuw. It wie doe al bekend dat de hearen fan Skerpenseel, ien fan de âldste ridderskaaien op de Feluwe, in wichtige rol spile hawwe yn de ûntwikkeling fan it ‘Hûs Skerpenseel’. It hûs wie fan oarsprong in fersterke hûs mei mooglik twa grêften der omhinne, en der wienen 'hearlike rjochten' oan ferbûn. Yn de rin fan de iuwen waard it hûs ferboud en ferbettere. Yn 1856 waard it 18e-iuwske hûs ûnder arsjitektuer fan Van Lunteren omfoarme ta bûtenpleats. Doe krige it hûs syn tsjintwurdige neo-goatyske foarm. Yn dy tiid wie it hûs yn besit fan frou Benudina Maria Royaards - van Naamen fan Scherpenzeel en de hear Herman Royaards, dy't it brûkten as bûtenhûs; se wennen yn Utert oan it Janstsjerkhôf.

Herman Royaards en Benudina Maria Royaards - van Naamen van Scherpenzeel binne de stamâlden fan de famylje dy't no noch it lângoed Scherpenzeel yn besit hat.

De jongste soan fan it span erve yn 1898 it hûs. Dy Anton Royaards waard yn 1900 boargemaster fan Scherpenzeel en hy hat tegearre mei syn frou it hûs permanint bewenne. Neidat yn 1956 beide ferstoarn wienen hawwe de beide dochters de bûtenpleats urven. Yn ôfwachting fan in duorsume bestimming waard it hûs ferhierd oan it echtpear Van Heusden, dy't dêr it Ynstitút Van Heusden fêstige hawwe. It koetshuis waard brûkt as wenning foar de jachtopsjenner en kantoar foar de rintmaster. Yn dy tiid is it gebou efterút gien. Yn 1975 kamen hûs en koetshûs op de ryksmonumintelist. Dêrnei binne de gebouwen skonken- en it park ferkocht- oan de gemeente. Mei restauraasjesubsydzje koe in drastyske renovaasje útfierd wurde. Hûs en koetshûs binne 25 jier as gemeentehûs brûkt. Yn 2005 is de bûtenpleats troch de gemeente yn erfpacht jûn oan de Stifting Freonen fan de Gelderske Kastiel. Sûnt 1975 makket it hûs gjin diel mear út fan it lângoed Scherpenzeel, mar no is it in restaurant fan 'de Witte Holevoet'.

MonumintenBewurkje

Alhoewol't yn WO II in soad ferwoastgings oanrjochte binne, binne yn Scherpenzeel dochs noch inkelde monumintale pânen te finen. Tsien gebouwen, trije wurde hjirûnder neamd, steane op de Ryksmonumintelist. Mear as tritich pânen steane op de Gemeentlike monumintelist. Neist de beskerme monuminten hat Scherpenzeel ek in oantal beammen mei histoaryske, lânskiplike of ekologyske wearde.

 
Herfoarme tsjerke Scherpenzeel

De Nederlânsk Herfoarme TsjerkeBewurkje

Dizze tsjerke mei Mariatoer stamt út de 14e iuw. Der waarden bûken oanboud as de befolking him útwreide. Noch inkelde kostberheden út de tsjerke binne bewarre bleaun. De flier fan it koer bestiet út grêfsarken dy't út de hiele tsjerke dêr byelkoar lein binne. Op de flier binne âlde jiertallen te lêzen. It meast njsgjirrige is wol de geef bleaune grêfstien fan Johan VI fan Scherpenzeel († 1619) en dy syn twadde frou Margryt fan Essen. By dy sark hearre fjouwer liuwkes dy't de wapens drage fan Skerpenzsel, fan Zuylen fan Nijeveld (syn mem), fan Duyvenvoorde (Wassenaar), Johan syn beppe fan memmekant en fan Renesse (de tredde frou fan Johan wie nammentlik Catharina fan Lijnden, Frijfrouwe fan Renesse). De sark lit it wapen fan dy skaai sjen mei de helm, toaid mei de leelje tusken de twa wjukken. Dat wapen mei leeljes komt yn de Fallei in soad foar, lykas yn Amersfoart, Amerongen en letter Stoutenburch en Bunschoten.

It Hooge HuysBewurkje

Dat gebou, út de earste helte fan de 17e iuw, waard yn 1964 hielendal restaurearre. De oarspronklike bestimming is net bekend. Wa't it gebou goed besjocht, sjocht dat boppe ien fan de bopperamen yn de westlike helte de ûntlêstingsbôge foar reinwetter mist. Dêr sit in útstekkende balke, dêr't mooglik in katrol sitten hat om grutte stikken oan op te hisen. Neffens guon wiist dat op in souder foar opslach fan balen wol. Oaren tinke oan it materiaal foar it brouwen fan bier; de romme kelders ûnder it gebou soenen dêrop wize.

It gebou, restaurearre en modernisearre yn 1970, waard troch de famylje Van Citters (Lambalgen) skonken om siken en âldere minsken yn ûnder te bringen. Foar dat doel waard it noch lang brûkt. It eardere Wilhelmina Sikeferpleechhûs stiet ek op de monumintelist.

RekreaasjeBewurkje

Yn de Gelderske Fallei is in soad te sjen. Skerpenseel is it meast westlike plak op de Feluwe. Skerpenseel biedt syn besikers in gesellich sintrum, in bysûnder stedspark en prachtich lânguod. It landguod Breeschoten en Berkhorst binne prachtige wannelgebieten. It doarp hat in eigen VVV-kantoar.

UnderwiisBewurkje

Skerpenseel hat fjouwer ûnderwiisynstellings, allegear basisskoallen. Twa dêrfan binne protestantsk-kristlik, ien reformatoarysk en ien iepenbier.

GemeenteriedBewurkje

De gemeenteried fan Skerpenseel hat yn totaal 15 sitten:

BedriuwenBewurkje

De grutste wurkjouwer fan Skerpenseel is Interface (eartiids bekend as Heuga). Interface is op it yndustryterrein 'It Swarte Lân'. It ynternasjonale (Amerikaanske) bedriuw hat 5500 meiwurkers en Skerpenseel is foar Interface it sintrum foar Europa.. Austraalje en Aazje.

MediaBewurkje

De lokale omrop Doarp en streek tv, is rjochte op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Scherpenzeel, Woudenberg, Rhenen en Elst.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

 
Gelderlân
 
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar