Amersfoart[1] (Nederlânsk en offisjeel: Amersfoort; Utertsk-Alblasserwaardsk: Aomersfoort) is in stêd en gemeente yn de provinsje Utert.

Amersfoart
Amersfoort

Sint-Joaristsjerke
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Lucas Bolsius (CDA)
sifers en geografy
haadplak Amersfoart
grutste plak Amersfoart
ynwennertal 161.975 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 2535 / km²
oerflak 63,86 km²
● wêrfan lân 62,62 km²
● wêrfan wetter 1,2 km²
tal stêden 1
tal doarpen 2
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 1259
oar
netnûmer 033
postkoade 3800 - 3829
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.amersfoort
Us Leaffroutoer
Synagoge
Muorrehuzen
Muorrehuzen
'Kleaster Mariënburg
Kamperbinnenpoarte

De gemeente hat 161.975 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) dy't Amersfoarters neamd wurde. It is yn befolkingsoantal de twadde stêd fan de provinsje Utert en de fjirtjinde fan Nederlân. Amersfoort is in groeistêd en hat ekonomysk in regiofunksje mei in sterk groeid bedriuwslibben, it hat ien fan de grutste spoarweiknooppunten fan Nederlân en wie eartiids in wichtige garnisoensstêd. De binnenstêd hat in midsiuwsk karakter mei grêften.

Amersfoart fierde yn 2009 dat er 750 jier stedsrjochten hat. It hiele jier troch wiene der festiviteiten yn de binnenstêd en rânegemeenten.

De stêd Amersfoart is ûntstien oan in furde yn de rivier de Iem (earder: Amer). De Iem begjint dêr't de Lunterse Beek (Heiligenbergerbeek) en de Barneveldse Beek (Flierbeek), dy't wetter ôffierden út de Gelderske Fallei, by elkoar komme yn in leechte tusken de Amersfoartske Berch en it heger lizzende gebiet noardlik fan Amersfoart (Hoogland). By dy furde waard de Iem kruse troch de hannelsrûtes dy't fan Utert nei it easten en noarden rûnen.

De Amersfoortse Kei hat de stêd en har ynwenners de bynammen 'Keistêd' en 'Keielûkers' jûn. It ferhaal oer hoe't dy stien yn Amersfoart bedarre giet sa: yn 1661 sluet de dichter en jonkhear Everard Meyster in weddenskip ôf dat hy de Amersfoarters safier krije koe om in grutte kei fan de Utertse Heuvelrêch nei de stêd te slepen. Meyster wist de Amersfoarters te oertsjûgjen en mei in slide waard de kei de stêd yn sleept, nei de Varkensmarkt (Bargemerk). Yn 1903 waard de kei opgroeven en sûnt 1932 leit de Amersfoartse kei oan de Stedsring, by de Arnhimsewei.

 
Amersfoortse Kei

Amersfoart komt ek foar yn de skiednis fan New York. De Nederlanners stiften by Nij Amsterdam op Long Island it doarpke 'Nieuw Amersfoort' tichtby Brooklyn (Breukelen), Hempstead(Heemstede), Harlem (Haarlim) en Flushing (Flissingen). Dy namme Amersfoort is letter feroare yn 'Flatlands'. It 'Amersfort Park' yn Flatlands hat wol syn namme hâlden.

De earste fermelding fan Amersfoart komt út 1028. Der moat doe sprake west hawwe fan in boeredelsetting. De strategyske lizzing wie foar de biskop fan Utert oanlieding om der ien fan syn hôven te bouwen, om fan dêrút de Gelderse Vallei te ûntginnen. Nei alle gedachten waard dit biskoplik hof yn de earste helte fan de 12e iuw stifte op it plak dêr't no de Sint-Joaristsjerke stiet. Handel en niverheid libben op.

Midsiuwen: stedsrjochten

bewurkje seksje

De delsetting krige yn 1259 stedsrjochten fan de Utertse biskop Hindrik fan Vianden.

Yn de akte, wêryn oan Amersfoart stedsjochten ferliend waarden, waard it stedsje omskreaun as in oppidum, dat wol sizze dat de stêd fersterke wie, grif troch in ierden wâl, mooglik mei poarten. Tsjin de ein fan de 13e iuw waard de earste stiennen muorre boud, mei in lingte fan 1550 meter mei in grêft der omhinne. Op de plattegrûn fan it sintrum fan Amersfoart is dizze earste stedsmuorre noch goed werom te finen.

Yn 1340 wie der in grutte stêdsbrân wêrby't sawat de helte fan de gebouwen ferlern gie of bekeadige rekke. ± 1380 waard begûn mei de bou fan in nije muorre dy't om 1450 hinne klear wie. De lingte dêrfan wie 2850 meter. En it oerflak fan de ommuorre stêd fertrijefâldige. Yn dizze muorre waard in oantal poarten boud dy't oant hjoeddedei te bewûnderjen binne, lykas de Koppelpoarte en de Muontsendaam. Fan de earste muorre is net folle bewarre bleaun, allinnich de sterk restaurearre Kamperbinnenpoarte is der noch. Dochs is it ferrin fan de muorre noch yntakt. De muorrehuzen folgje it trasee fan de muorre en meitsje gebrûk fan de fûndearring derfan.

Amersfoart krige yn de Midsiuwen, nei wûnderen om in Marijebyld, grutte betsjutting as beafeartsoarde, wêrtroch't de ekonomy opbloeide en nei 1444 de Us Leaffroutoer boud wurde koe.

 
Histoaryske kaart fan Amersfoart (1595)

Oarlochsgeweld yn de 16e iuw

bewurkje seksje

De stêd hie yn de sechtjinde iuw in soad te lijen fan de oarlochshannelingen. It waard yn 1572 beset troch de Steatsen en yn 1573 troch de Spanjerts. Yn 1579 waard Amersfoart werovere troch Jan VI fan Nassau-Dillenburg, wêrnei't yn 1579 twongen oansluting by de Uny fan Utert folge.

Yn 1629 waard Amersfoart troch Hindrik fan den Bergh ferovere. Hindrik van den Bergh moast eigentlik de oanfal fan Freark Hendrik fan Oranje op 's-Hertogenbosch beantwurdzje, mar it slagge troch ûnder oare de circumfallasjeliny om 's-Hertogenboch net om troch de ferdigening fan Freark Hindrik te kommen.

Yn de 16e iuw gie it ekonomysk minder. De ynwennersgroei stûke en yn it begjin fan de 19e iuw telde Amersfoart noch mar 8.000 minsken. Om 1850 brutsen de ynwenners grutte stikken fan de wâlen en poarten ôf. Dat joech de earmen wurk en de stiennen koenen brûkt wurde foar strjitten, pleinen en diken. Yngripen fan kening Willem II foarkaam sloop fan de Koppelpoarte, Monnikendaam, Kamperbinnenpoarte en in restant fan de stedsmuorre.

 
Kaart fan de gemeente Amersfoort yn 1865

Yn it begjin fan de 18e iuw waard de stêd in sintrum fan de âld-katolike tsjerke, troch de fêstiging fan de refraktaryske preesters fan de saneamde Ald-biskoplike Clerezij. De stêd hâlde dêrnei in meast net-roomske sinjatuer, mei troch de fêstiging fan in protte beropsmilitêren nei 1870.

De komst fan de spoarwegen yn 1863 makke de stêd wekker út har 19e-iuwske sliep. Amersfoart waard in drok knooppunt en is dat oant hjoeddedei bleaun. Om 1870 waard Amersfoart troch it regear keazen foar de útwreiding fan it leger, mei troch de sintrale lizzing oan spoarwegen en tichtby de Hollânske Wetterliny en heideterreinen, dy't as oefenterrein brûkt wurde koene (Vlasakkers, Leusderheide).

Yn maaie 1940, oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch moasten alle 43.000 bewenners evakuearre wurde fanwege de ferwachte gefjochten om Amersfoart, doe de grutste garnizoenstêd fan Nederlân. Nei fjouwer dagen koene se werom. De Dútsers rjochten by Amersfoart it Kamp Amersfoart yn, in konsintraasjekamp. De Joadske mienskip fan mear as 632 minsken waard desimearre, 353 minsken kamen om, de measten yn Auschwitz of Sobibór.

Oant ± 1970 wie der sprake fan in lytse ûntwikkeling, dy't sels troch de bûtengebrûkstelling fan de measte kazernes drige om te slaan yn efterútgong. Oan de ein fan de 20e iuw krige de stêd in grutte ympuls troch de Groeistêd-status, dy't yn 2009 al late ta de bou fan grutte nije wiken (wêrûnder Vinex), wêrfan Kattenbroek troch syn bysûndere arsjitektuer lanlike bekendheid krigen hat. Ek nije bedriuwen fêstigen har yn Amersfoart. Der kaam nei is protte politike ûnrêst in nij stasjonsgebou, wylst de stasjonsbuert opnij ynrjochte waard, ûnder mear mei middelgrutte kantoaren. Nei ûngefear 1970 waard de militêre oanwêzichheid drastysk minder en bleau allinnich de Bernhardkazerne iepen.

 
Amersfoort en omkriten

Topografy en stedsbyld

bewurkje seksje

Amersfoart leit op in flak plak yn de fallei fan de Iem oan de râne fan ôfsetting út de Iistiid. Untstien yn de Midsiuwen, hat de stêd in midsiuwske kearn mei grêften en wâlen. De grêften bleaune bewarre, mar de wâlen binne foar in grut part yn de 19e iuw ôfgroeven. De stêd hat dêrtroch twa singels (rûnwegen).

Nei 1870 wreide de stêd him sterk út troch de komst fan de spoarwegen en in oantal kazernes. Om 1975 krige de stêd groeistêdstatus, mei wêrtroch't de omlizzende gemeenten hielendal of foar in part anneksearre waarden. Dit wiene:

  • Hoogland (hielendal) (1974)
  • Leusden (diels) en Stoutenburg Noard (1998)
  • Nijkerk (diels) Laaksône, ynkl. 't-Hammetje (1998)
  • Hoevelaken (diels) (yn 1998 it buorskip Vinkenhoef)
  • Bunschoten (diels) (1998)

Der kamen grutte nije wenwiken, lykas (sjoch ek opsomming fierderop yn dit artikel) Vathorst en Schothorst, beide mei in eigen stasjon. Dizze fersterken tige de sintrumfunksje fan de âlde stêd, dêr't tsjintwurdich in soad winkels en horeca binne. Der kamen ek oansjenlike bedriuws- en kantoareterreinen (sjoch opsomming ûnder Ekonomy). De oanlis fan de A28 (Utert-Swol) eastlik fan Amersfoart betsjutte in fierdere ympuls foar de groei. Dêr't de A28 de A1 snijt, ûntstie it knooppunt Hoevelaken. Amersfoart hat de grinzen fan syn útwreidingsmooglikheden hast berikt.

Amersfoart foarmet iet regiosientrum foar Bunschoten, Spakenburg, Hoevelaken, Leusden, Soest en Baarn.

In 2006 wûn Amersfoart de titel 'Grienste Stêd fan Nederlân', dy't takend wurdt troch Entente Florale. De stêd krige har titel troch it belied dat Amersfoart fiert om har natoer te behâlden. Yn septimber 2007 waard de stêd troch deselde organisaasje ta 'Grienste Stêd fan Europa' útroppen.

Befolkingsgroei

bewurkje seksje
 
Waarmtekrêftkeppeling Vathorst

Begjin 19e iuw telde Amersfoart noch mar 9000 ynwenners. De komst fan de spoarwei yn 1863, en flak dêrnei ek it leger, soarge foar opbloei. Foar en nei de Twadde Wrâldoarloch sakke it Amersfoartske ynwennertal stadichoan, benammen troch gebrek oan wenningen (wenningneed). De stêd koe ek net folle nije mooglikheden oanboarje, sadat ek nije wurkgelegenheid neist dy by de NS of it leger (de twa grutste wurkjouwers) min te ferwezentlikjen wie. Dat feroare nei 1960 troch anneksaasje fan inkele omlizzende gemeenten lykas Hoogland en dielen fan inkele oare gemeenten as Stoutenburg en Leusden.

Amersfoart is yn koarte tiid ôfgryslik groeid troch de status as groeistêd. Yn 1970 hie de stêd 75.000 ynwenners, yn 2008 wennen der rom 140.000 minsken yn Amersfoart. By in gemeentlike weryndieling waarden de gemeenten Hoogland hielendal en Leusden en Hoevelaken diels troch Amersfoort anneksearre.

De stêd telde op 2008 68.017 manlju en 71.048 froulju, fan it totaal binne 29.036 minsken jonger as 15 jier, 93.746 ynwenners tusken de 15 en 64 jier âld en 16.283 ynwenners âlder as 64 jier. Vathorst wurdt yn de takomst de grutste wyk. Der wurdt rûsd dat de Vinex lokaasje yn 2020 25.000 ynwenners herberget. Yn 2007 is Nieuwland noch de grutste wyk mei 14.957 Amersfoarters.

Oant no groeit Amersfoart troch nei krapoan 160.000 ynwenners. De groei komt benammen ta stân troch de bou fan de wyk Vathorst (totaal 11.000 wenningen) ten noarden fan de A1. Der komme in soad foarsjennings, lykas sportfjilden, skoallen, bedriuwenterrein, winkels en in stasjon. Ek om it sintrum wurdt boud. Yn it gebiet ten easten fan it stasjon, it Iemkertier, komme sa'n 750 wenningen.

 
De Lange Gracht mei op de eftergrûn de Us Leaffroutoer mei op de foargrûn de op 22 oktober 2007 ôfbaarnde Elleboogkerk
 
De Koppelpoort
 
It Mondriaanhûs, berteplak fan Piet Mondriaan en tsjintwurdich in museum

Stedsbyld en it besjen wurdich

bewurkje seksje

Amersfoart telt 422 ryksmonuminten. De midsiuwske binnestêd is opmerklik goed konservearre en hat in grêftestelsel. De Us Leaffrouwetoer (troch de Amersfoarters ek "Lange Jan" neamd) is de belangrykste blikfanger. Mei syn 98 meter is it de op twa nei heechste tsjerketoer fan Nederlân. De byhearrende tsjerke gie by in eksploazje yn 1787 ferlern. De toer wurdt brûkt as oarsprong fan it koördinatestelsel fan it Rykstrijehoeksnet. Oftewol, it eksakte middelpunt fan de Us Leaffroutoer is it punt fan wêrút hiel Nederlân kadastraal nûmere is en wurdt it geografysk middelpunt fan Nederlân neamd. Dit is by de toer sichtber makke troch twa metalen strips, wêrfan ien de kadastrale x-as oanjout en de oare de y-as. Yn 'e midden fan de toersflier is in markearring oanbrocht dat dit nulpunt oanjout.

De binnenstêd hat noch oare nijsgjirrige tsjerken kerken, lykas de Sint-Joaristsjerke oan de Hof en de roomske Sint-Fransiskus-Ksaveriustsjerke, ûntwurpen troch arsjitekt F. Wittenberg. Ek de Sint-Aegtenkapel en de Ald-Katolike tsjerke H. Georgius binne it neamen wurdich. De Elleboogtsjerke, in neoklassisistyske tsjerke út 1820, baarnde op 22 oktober 2007 finaal ôf.

In wichtich net-religieus erfgoed is de stedsmuorre. De earste stedsmuorre waard boud om 1300 hinne. De Plompetoer wie in ûnderdiel fan de âldste muorre. Hjir waarden eartiids de finzenen fêsthâlden. Tusken 1380 en 1451 waard in nije stedsmuorre boud, dy't de stêd oant yn de 19e iuw mear as omslute kind hat en dy't diels bewarre bleaun is. neidat de âldste stedsmuorre har funksje ferlern hie waard dizze brûkt om huzen tsjinoan te bouwen, Muorrehuzen. In foarbyld fan sa'n Muorrehûs is it hûs Tinnenburg. De binnenstêd hat ek in jongere stedsmuorre.

De stêd hat dêrneist noch in oantal stedspoarten, sawol lân- as wetterpoarten. De meast bysûndere en bekendste is de Koppelpoarte, dy't sawol lân- as wetterpoarte is. Fierders binne der de Monnikendam (in wetterpoarte) en de Kamperbinnenpoarte (in lânpoarte).

Bierbrouwerij De Drie Ringen sit yn in eardere stedsbuorkerij en brout op ambachtlike wize bier. Fierders binne it Hofje de Poth, ien fan de âldste hofkes fan Nederlân en it Sint-Pitersgasthûs it neamen en besjen wurdich.

Der wurde stedswannelingen organisearre troch it Gilde Amersfoort en rûnfearten yn de Amersfoartske grêften troch Stichting Waterlijn.

Bûten Amersfoart leit sûnt 1948 in bistetún, it "DierenPark Amersfoort",lizzend yn de bosk Birkhoven, oan de westkant fan de stêd. Dizze dieretún lûkt jierliks ûngefear 750.000 besikers (2008) en is dêrmei de 16e attraksje fan Nederlân, rekkene nei besikersoantallen.

It histoaryske stedsmuseum fan Amersfoart is it Museum Flehite, dêr't in byld jûn wurdt fan de skiednis. Yn it bertehûs fan Piet Mondriaan sit it Mondriaanhûs, "museum voor Constructieve en Concrete Kunst". It museum toant diversk wurk fan Mondriaan, wêrûnder eksimplaren fan syn geometrysk-abstrakte wurk, de styl dêr't Mondriaan bekend om stiet. Der wurdt ek wurk yn dy styl fan oare keunstners fertoand. In oar keunstmuseum is it Armando Museum, dat, sa't de namme al fermoeden docht, benammen wurk fan Armando fertoant. Yn 2007 wie der brân yn it pân dêr't it museum yn fêstige wie, de Elleboogkerk. Hjirnei waard it wurk op ferskate plakken eksposearre. De neamde trije musea foarmje, mei Keunsthal KAdE, de Stichting Amersfoart yn C.

Der binne noch oare musea yn de stêd te finen. Sa is der it Kavalerymuseum, dat wijd is oan de skiednis fan Nederlânske kavalery. Twa oare musea binne it Museum Jacob van den Hof oer byldhoukeunst, en it Vindselmuseum In Natura. It Rietveldpaviljoen de Zonnehof is in eksposysjeromte foar útienrinnende keunstfoarmen. It eardere konsintraasjekamp Kamp Amersfoart hat tsjintwurdich ek in museale funksje.

Utgeanslibben

bewurkje seksje

Amersfoart hat ien grutter teater, de Flint, teffens kongressintrum, en inkele lytsere plus twa bioskoopsintra mei meardere sealen. De hoareka is sûnt de jierren santich flink ûntwikkele. It Iemsintrum foar kultuer, mei in bioskoop, muzykskoalle en bibleteek, by it sintrum ferriist nei ferwachting yn 2011.

Amersfoort wie nei ± 1860 - 1980 ien fan de wichtichste garnisoensstêden fan Nederlân. Yn 1939 sels de grutste. De groei kaam nei in regearingsbeslút om 1870 hinne om Amersfoort wegens syn sintrale lizzing, de Hollânske Wetterliny, de tichtby lizzende oefenterreinen (Vlasakkers, Leusderheide) en de lege grûnpriis út te wreidzjen mei kazernes, benammen fan de ynfantery en de kavalery. Yn totaal waarden der acht kazernes boud en krige de Keninklike Maresjesee der ek in fêstiging. Dêrneist ferriisden der nochris tsien militêre of semi-militêre ynstellingen (dêrûnder net begrepen Kamp Amersfoart). De militêre oanwêzichheid hie in grutte ynfloed op de groei fan de stêd en har ekonomyske ûntjouwing.

De folgjende kazernes sieten op in stuit yn Amersfoart (ynklusyf ynstellingen dy't no troch gemeentlike grinswizigingen net mear yn Amersfoart lizze, mar der militêr sjoen altiten ûnder resortearre hawwe):

  • Juliana van Stolberg- of Ynfantery Kazerne, 1889 - 1978 (ûnderferdield yn de folgjende kazernes dy't allegearre oan de Leusderwei lizze)
    • Willem Kazerne, 1889 - 1980 (haadgebou no boargerwenningen)
    • Lodewijk Kazerne, 1890 - 1980 (haadgebou no boargerwenningen)
    • Hendrik Kazerne, 1892 - 1980, (haadgebou no boargerwenningen)
    • Adolf Kazerne, 1891 - 1980, (haadgebou no boargerwenningen)
  • Kamp Bokkedunen, Kazerne II en III
  • Barakkekamp " De Vlasakkers "
  • Prins Willem III of Kavalery Kazerne, Oan de Heiligenbergerwei, 1883 - 1978
  • Bernhard Kazerne, Barchman Wuytierslaan 198, 1939 - No (sjoch ek Keninklike Lânmacht)

Under de oare militêre ynstellingen dy't de stêd ryk wie, binne ûnder mear in oantal militêre tehuzen, in militêr hospitaal, in ynternearingskamp en in frouljuskamp.

De ôfbou fan de militêre ynstellingen begûn by de ôfskaffing fan de tsjinstplicht. Dêrnei folge fanwege de ein fan de Kâlde oarloch in fierdere ynkrimping fan it Nederlânske leger. Mei as kompensaasje foar dit oansjenlike ferlies oan banen krige Amersfoart de status fan groeikearn yn 1978. Tsjintwurdich is fan de kazernes allinnich de Bernhardkazerne noch yn bedriuw.

 
Kantoargebou fan Agis Zorgverzekeringen yn Amersfoort

Amersfoort hat syn ekonomyske posysje benammen krigen trochsyn lizzing as knooppunt op de rûtes east-west en noard-súd. De mooglikheid om reedlik foardielich te bouwen wie in oar belangryk punt.

De stêd hie yn de Midsiuwen in tige grut oantal brouwerijen en in belangrike tekstylniverheid. De stêd makke yn de 18e iuw in bloeiperioade troch tanksij de tabakstylt. De komst fan it spoar nei Utert yn 1863 wie ek in grutte ympuls. De regiofunksje fan de stêd waard grutter.

De Amersfoartske ekonomy bleau nei de oarloch wat efter mar is nei 1970 sterk groeid troch oanwizing as groeikearn. Inkele grutte bedriuwen en ynstellingen hawwe hjir harren haadkantoaren, lykas yngenieursburo Arcadis (14.000 meiwurkers), fersekerders de Amersfoortse en Agis en fiedingskonsern Nutreco, neist de al oanwêzige militêren, NS, en stiftingen of ferienings as de Feriening Eigen Hûs en it Diabetesfûns. De kazernes waarden fan ± 1980 ôf op ien nei sluten. Fan de sterke bouaktiviteit profitearre ek de yn Amersfoart fêstige oannimmer Meeús.

Yn 1990 ferpleatste de Keamer fan Keaphannel foar Goai- en Iemlân út Hilfertsom (lange tiid de ekonomyske konkurrint fan Amersfoart) syn haadkantoor nei Amersfoart, fanweg ûnoplosbere ferkearsperikels yn Hilfertsom. In fernijing fan it stasjonsgebiet mei de bou fan in grut nij stasjon nei 1992 luts in soad bedriuwen nei it sintrum. Dêrneist hat Amersfoart fanwege syn sintrale lizzing altyd al in flink oantal nasjonale ferienings, stiftingen en ynstellings, lykas

Bekende bedriuwen yn Amersfoart binne:

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje
 
Stasjon Amersfoort

Amersfoart is in drok spoarweiknooppunt, it Stasjon Amersfoart Sintraal, troch de sintrale lizzing en troch de krusing fan de linen Amersfoart-Dimter en Swol-Utert. Der wie oarspronklik ek in wurkpleats Amersfoart, mar dy is yn it ferline sluten. It spoarweiemplasemint dêr is noch altiten ien fan de grutste yn Nederlân. Tichteby it stasjon leit it frij nije opstelterrein foar reizgerstreinen Bokkedunen foar passazjierstreinen. De âlde opstelspoaren wurde brûkt foar frachtferfier, sadat beide ferfierstreamen skaat bliuwe kinne.

Yn de jierren 1992-1997 waarden it reizgersstasjon en it stasjonsplein fan Amersfoart hielendal ferboud. Yn it ramt fan it Rail 21-plan waarden ûnder oaren in nij stasjonsgebou boud en in tredde eilânperron oanlein by Stasjon Amersfoart en waard it oantal spoaren op twa linen fergrutte. Ek kaam der in fly-over ('frije krusing') by Amersfoart Oansluting, eastlik fan it stasjon, dêr't de spoaren rjochting Swol en rjochting Dimter spjaltee. In dive-under oan de westkant fan it stasjon waard yn 2012 oplevere.

Neist stasjon Amersfoort hat de stêd noch twa stasjons: Amersfoort Vathorst en Amersfoart Schothorst. Stasjon Vathorst waard op 27 maaie 2006 iepene foar de nije wyk Vathorst. Beide stasjons wurde troch stoptreinen betsjinne; op stasjon Schothorst einiget boppedat in healoerlikse intercity út Rotterdam.

Wei- en wetterferbiningen

bewurkje seksje

Amersfoart hat sûnt ein jierren sechtich in ringwei. Der binne goede oanslutings mei de A1 (Hilfertsom, Amsterdam, Ynskedee) en A28 (Utert, Swol). Op it knooppunt Hoevelaken, noardeastlik fan de stêd, komme dy autodiken by elkoar.

Der is in binnenhaven dy't oer de Iem tagong jout ta de Iemmar.

Bustsjinsten wurde fersoarge troch Connexxion.

Wykyndieling

bewurkje seksje

De gemeente Amersfoart is ferdield yn wiken en twa doarpen.

De wiken mei in wenfunksje binne:

Dêrneist bestiet der noch in oantal wiken sûnder wenfunksje:

  • Boskgebiet, wêrûnder:
  • Bûtengebiet West
  • Calveen (yndustry en kantoaren)
  • Isselt (yndustry en kantoaren)
  • De Hoef (yndustry en kantoaren)
  • Park Schothorst (park)
  • Wetterwingebiet (park tusken Rustenburg en Liendert)
  • Stoutenburg Noard
  • Cor van den Braber, Gezicht op Amersfoort van Matthias Withoos (2003)
  • Cor van den Braber, Geveltekens Amersfoort (2005)
  • Jan Carel van Dijk, Het Amersfoort van Onze Grootouders (2007)
  • H. Halbertsma, Zeven eeuwen Amersfoort (1959)
  • J.F.B. van Hasselt, Amersfoort rondom zijn Toren (1948)
  • J. Hovy, Amersfoort in Prent (1975)
  • Everard Meyster, Keyklucht van Jock en Ernst, op de steen-uyle-vlucht deser werelt (1661)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 149.

  Amersfoart  
Stêd:
Amersfoart
Doarpen:
HooglandHooglanderveen
  ·   ·  
Utert
 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
  ·   ·