Nieuwegein

Nederlânske gemeente

Nieuwegein is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert en leit justjes súdlik fan de stêd Utert. De gemeente hat 65.966 ynwenners (1 jannewaris 2024)[1] en is in eardere groeikearn. De gemeente ûntstie yn 1971 nei de fúzje fan de twa eardere gemeenten Vreeswijk en Jutphaas.

Nieuwegein
Alde slûs yn Vreeswijk
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Frans Backhuijs (VVD)
sifers en geografy
haadplak Nieuwegein
grutste plak Nieuwegein
ynwennertal 65.966 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 2.745 / km²
oerflak 25,65 km²
● wêrfan lân 23,51 km²
● wêrfan wetter 2,14 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren , ,
Flugge tram Utert-Nieuwegein
skiednis
oprjochte 1971
oar
netnûmer 030
postkoade 3430-3439
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.nieuwegein.nl
Topografyske gemeentekaart fan Nieuwegein

Yn it gebiet tusken de eardere doarpen Vreeswijk en Jutphaas lei eartiids in lyts plak, Geyne. Dat plak krige yn 1285 stedsrjochten, dochs waard al rillegau, yn 1313 ferwoastge yn in kriich tusken de biskop fan Utert en de greve fan Hollân. Hjoed-de-dei docht it Hûs Oudegein noch oan dy tiid weromtinken. De gemeentebestjoeren fan Vreeswijk en Jutphaas hawwe foar in skoftke oan itt stinnen west oer in nije namme. Ynearsten soe it 't Gein wurde, mar waard kediisd om it Nieuwegein, nei it âlde plak, te neamen.

Yn de 1960-er en 1970-er jierren wie der yn Nederlân in weach fan suburbanisaasje. Bewenners fan de grutte stêden yn de Rânestêd teagen nei de omlizzende gemeenten. It regear koôrdinearre dy bewegings sa as ûnder oare it Griene Hert syn romten en lânskiplike wearden behâlde te litten. It waard gemeneten dêrnei net mear tastien om selsstannich grutte bouprojekten te ûntwikkeljen en út te fieren. Ynstee waard troch de sintrale oerheid sels boulokaasjes oanwiisd. Om Utert hinne lei it swiertepunt fan ûntjouwing súdlik fan de stêd.

Al yn 1958 bestie der by it provinsjebestjoer fan Utert plannen en brûk it gebiet tusken de doarpen Vreeswijk en Jutphaas folslein foar grutskalige wentebou, dêr't der, mei dy twa gemeenten ynbegrepen, in nij plak troch ûntstean soe. Yn it noardlik gebiet wie Jutphaas al dwaande mei it bouwen fan de wyk Wijkersloot en Vreeswijk yn it suden wie dwaande mei de wyk Zandveld. Dêrtroch woeksen de beide plakken al nei inoar ta.

Op 12 juny 1969 besleaten de gemeenterieden fan de gemeenten Vreeswijk en Jutphaas om harren sels op te heffen en op 1 july 1971 wiene se gearfoege ta d enije gemeente Nieuwegein. Nieuwegein is yn hjoeddeistige begripen in folsleine stêd.

De gemeente leit ynsletten tusken de rykswegen A2, A12 en A27. De rivier de Lek foarmet de súdgrins fan de gemeente. Fierder rinne it Lekkanaal, it Amsterdam-Rynkanaal en it Merwedekanaal troch de gemeente hinne.

De gemeente wurdt begrinzge troch de stêd Utert yn it noarden, de gemeente Houten yn it easten, de gemeente Fiifhearelannen yn it suden en de gemeente Iselstein yn it westen.

De gemeente Nieuwegein bestiet út de folgjende wiken:

  • Batau-Noard
  • Batau-Súd
  • Blokhoeve
  • Sintrum
  • De Wiers, bedriuweterrein
  • Doorslag
  • Fokkesteeg
  • Galecop
  • Het Klooster, bedriuweterrein
  • Hoge Landen, bûtengebiet
  • Hoog-Zandveld
  • Huis de Geer
  • Lekboulevard
  • Laagraven-Liesbosch, bedriuweterrein
  • Merwestein
  • Oudegein], park
  • Plettenburg, bedriuweterrein
  • Vreeswijk
  • Jutphaas-Wijkersloot
  • Zandveld
  • Zuilenstein

Ferneamde (âld-)ynwenners

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Nieuwegein – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk

Utert
 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
  ·   ·