Jutphaas
Jutphaas is in earder doarp en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert. Sûnt 1971 is Jutphaas part fan Nieuwegein, dy't ûntstie nei it gearfoegjen fan de gemeenten Jutphaas en Vreeswijk.
Jutphaas | |
---|---|
Kastiel Rijnhuizen | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Utert |
Gemeente | Nieuwegein |
Sifers | |
Ynwennertal | ±6.000 |
Oar | |
Stifting | 1812 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 52° 2' NB, 5° 6' EL |
Skiednis
bewurkje seksjeOp it doarpsgebiet fan Jutphaas wie der 150.000 jier ferlyn al spoaren fan bewenning. Bonke-oerbliuwsels fan mammoeten, boskoaljefanten en wolhierrige noashoarnen binne dêr fûn, allyk guon stiennen gebrûksfoarwerpen fan minsken. Fynsten fan bewenning fan hûnderten jierren foar Kristus oant 300 n.Kr. waarden fûn. Jutphaas wurdt foar it earst yn 1165 neamd yn in oarkonde. Dêr wurdt it doarp as in karspel yn ferwiisd. Ambachtshear wie Durk fan Jutfaes (Iudifax).[1]. It komôf fan de namme is net wis. Durk fan Jutfaes hie syn wente yn it kastiel Rijnenburg.
It doarp ûntstie yn de tolfde iuw om de tsjerke (Kerkveld - "tsjerkefjild"). De ynwenners bestiene benammen út boeren dy't stikken woaste grûn yn erflien krigen om it oan te meitsjen. De lânoanmakkerij waard út Houten wei úteinset, fan hegere sângrûn ôf yn it easten nei it legere feangrûn yn it westen. It oanmeitsjen fan lân sette útein yn it Overeind (boppeste ein) en sette dêrnei fuort yn it Nedereind (ûnderste ein). Dy waard foltôge yn de fjirtjinde iuw en doe waard de polder Lange Vliet oprjochte.
De karakter fan it doarp op it Kerkveld bleau agrarysk. Op de hegere grûn yn it Overeind waarden guon stinzen en oare fersterke hûzen boud. Oan de Vaartse Rijn ûntstie lintbebouwing. De bewenners dêre wiene ornearre op de skipfeart en de hannel.
Yn 1680 wie der in grutte brân yn it doarp en de bewenners besochten de kop fan de mûne fan it fjoer te rêden om dy op in wein te ferfieren.
Yn 1795 waarden de doarpsgerjochten van Nedereind en Overeind gearfoege en yn 1812 waard de gemeente Jutphaas oprjochte. De gemeente omfieme doe it Nedereind, Overeind, Oudenrijn, Papendorp, It Gein, en East- en Westraven. Yn 1825 krige it doarp syn earste boargemaster. It doarpssintrum ferpleatste him mear nei de Vaartse Rijn. De âlde doarpstsjerke waard yn 1820 ôfbrutsen en in nijen ien oan de Nedereindsewei boud. De katoliken hiene sûnt 1688 in skûltsjerke yn it Overeind, dy't yn 1875 ferfongen waard troch de hjoeddeistige Nikolaastsjerke. Dêr ûntstie in katolyk sintrum mei in jonges- en famkesskoalle, in kleaster en in pastorij.
Yn 1820 waard it Fort Jutphaas boud yn it ramt fan de Nije Hollânske Wetterliny.
By in gemeentlike weryndieling yn 1954 waarden East- en Westraven oan de stêd Utert ôfstien. De gemeente Jutphaas, dy't yn oerflak trije kear sa grut as Utert wie, ferlear krapoan 9.000 fan syn 12.000 ynwenners.[2]
Yn de tweintichste iuw waard Jutphaas hieltyd mear in forinzegemeente fan de stêd Utert. Troch de wenningneed dy't nei de Twadde Wrâldkriich yn Nederlân ûntstie, wie der ferlet fan in soad nije wentebou. Om de stêd Utert te ûntlêsten kaam der yn Jutphaas en Vreeswijk in soad nijbou. Yn de 1960-er jierren besleaten de gemeenterieden fan Jutphaas en Vreeswyk om inoar sels op te heffen en yn 1971 foarmen se de nije gemeente Nieuwegein. It nije plak waard yn it ramt fan de Tredde Nota Romtlike Oardering oanwiisd as in groeikearn.
Ofbylden
bewurkje seksje-
It Merwedekanaal en Herenstraat mei it âlde gemeentehûs fan Jutphaas
-
Sint-Nikolaastsjerke út it súdeasten wei sjoen
-
Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan Jutphaas
-
Fort Jutphaas
Berne yn Jutphaas
bewurkje seksje- Pieter van Empelen (1943-2017), pianist, akteur, tekstskriuwer, regisseur
- Piet Schrijvers (1946), âld-fuotballer
- Coert van Ee (1954-2020), politikus en boargemaster (CDA)
- Jasper van Dijk (1971), politikus (SP)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|