Rijnenburg is in polder en buorskip yn de Nederlânske gemeente Utert. De polder leit súdlik fan De Meern en is part fan de wyk Vleuten-De Meern. De polder heart lykwols ta it gebiet fan de kearn Utert, dochs hat noch hieltyd in agrarysk karakter. De polder wurdt begrinzge yn it noarden oan de A12, yn it easten oan de A2, yn it suden troch de gemeente Iselstein en yn it westen troch de N228, de dyk fan De Meern nei Gouda. De polder is neamd nei it eardere kastiel mei deselde namme. It ynwennertal fan de polder skommelt sa om de 250 hinne en is benammen konsintrearre oan de Nedereindseweg. Dy 6 km lange dyk bestiet út twa parten. It 2 km lange part eastlik fan de A2 falt ûnder de beboude kom fan Nieuwegein, wylst de oare 4 km troch it iepen poldergea fan Rijnenburg rint. Oant 2001 hearde it súdlike part fan de polder by de gemeente Nieuwegein, wylst it noardlike part by de gemeente Vleuten-De Meern hearde. Op 1 jannewaris 2001 waard de gânse gemeente Vleuten-De Meern en it Nieuwegeinske part fan Rijnenburg troch de gemeente Utert anneksearre en waard part fan de Utertske wyk Vleuten-De Meern. Nei't it nijbouprojekt Leidsche Rijn folboud is, komt Rijnenburg nei alle gedachten yn oanmerking foar nijbou. Nei in soad petearen en diskusjes waard besletten foarearst oant 2028 net te bouwen yn de polder.

Rijnenburg
Lokaasje fan Rijnenburg yn de gemeente Utert
Lokaasje fan Rijnenburg yn de gemeente Utert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Wyk Vleuten-De Meern
Sifers
Ynwennertal 245
Oar
Postkoade 3546

It part westlike part fan de polder hjit de Heicopse Polder neamd nei it ôfwetetringskanaal Heicop dy't yn 1385 groeven waard foar it ûntwetterjen fan it oerstallige wetter yn it gea súdlik fan De Meern nei de Fecht by Breukelen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rijnenburg (polder) fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje