Zuilen (Utert)
Zuilen is in ûnderwyk yn de wyk Noardwest yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk wie foar 1954 part fan de doe ophefte gemeente Zuilen
Zuilen | ||
Lokaasje fan de Zuilen yn de gemeente Utert | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Plak | Utert | |
Wyk | Noardwest | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25.257 (2017)[1] | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 6' 47" NB, 5° 5' 10" EL |
- Dizze side giet oer de Utertske ûnderwyk. Foar de eardere gemeente Zuilen, sjoch: Zuilen (gemeente).
Geografy
bewurkje seksjeZuilen is it noardlikste part fan de wyk Noardwest en wurdt begrinzge troch de gemeentegrins fan Stichtske Fecht, de Fecht mei de wyk Overvecht, de Marnixlaan mei de ûnderwyk Ondiep en troch it Amsterdam-Rynkanaal mei de wyk West.
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeistige Utertske wyk Zuilen foarme oant 1954 mei it doarp Oud-Zuilen en it yndustryterrein Lage Weide de selsstannige gemeente Zuilen. Dat jiers anneksearre de gemeente Utert it gebiet fan de wyk en it oerbliuwende part waard part fan de gemeente Maarssen, dy't yn 2011 opgie yn de gemeente Stichtske Fecht. De hjoeddeistige wyk Zuilen ûntstie oan it begjin fan de tweintichste iuw troch it útwreidzjen fan it âlde doarp foar de wurklju fan de bedriuwen Werkspoor en Demka dy't harren oan it Amsterdam-Rynkanaal fêstigen. Yn 2001 kaam in part fan it yndustryterrein fan Maarssen ta de gemeente Utert.
Dy útwreiding stie alhiel los fan it âlde doarp en waard "Nieuw-Zuilen" neamd. Hjoed-de-dei hjit de wyk gewoan Zuilen en it foarheaksel Nieuw (nij) wurdt brûkt ta ûnderskaat fan it âlde doarp.
Yn juny 2007 waard it Stasjon Utert-Zuilen oan it spoar fan Utert-Sintraal nei Amsterdam-Sintraal iepene.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeDe monumintale As van Berlage, mank mei de Amsterdamsestraatweg binne skaaimerkjend foar de romtlike struktuer fan de wyk. Tekenjend binne de arbeiderswenten út de jierren fan 1910 oant en mei 1935. Yn it noardlik part fan de wyk binne nei-oarlochske flats. Yn de lêste jierren binne der yn it ramt fan stedsfernijing in soad nijbouprojekten bykommen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert | ||
---|---|---|
Wiken: Binnenstêd • East (De Uithof) • Leidsche Rijn • West • Overvecht • Súd (Hoograven • Lunetten • Tolsteeg en Rotsoord) • Noardeast • Súdwest (Kanaleneiland) • Noardwest (Zuilen) • Vleuten-De Meern (Rijnenburg) | ||
Doarpen: Haarzuilens • De Meern • Vleuten | ||
Buorskippen: Alendorp • Oudenrijn | ||
· · |