Oudenrijn is in buorskip yn de gemeente Utert yn de Nederlânske provinsje Utert en is in âlde polder en iin eardere gemeente. De buorskip leit yn de kearnen Utert en De Meern. De buorskip leit foar it grutste part yn it gebiet fan De Meern en omfiemet it eastlike part fan de wyk De Meern-Súd, bedriuwepark Oudenrijn en de in stikje fan de Utertske wyk Leidsche Rijn. It kanaal Leienske Ryn grinzget de buorskip yn it noarden, de A2 yn it easten, A12 yn it suden en it Molenvliet, in wetterke dy't troch De Meern streamt. It knooppunt Oudenrijn dêr't de A2 en A12 inoar kruse leit súdeastlik fan de buorskip.

Oudenrijn
Lokaasje fan Oudenrijn yn de gemeente Utert
Lokaasje fan Oudenrijn yn de gemeente Utert
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
De Meern
Sifers
Ynwennertal ±3.000
Oar
Postkoade 3454
Koördinaten 52° 4' 55" NB, 5° 3' 36" EL
Kaart fan de âlde polder Oudenrijn

It tal ynwenners is net krekt te sizzen, om't Oudenrijn gjin offisjele buert is, mar it ynwennertal wurdt rûsd op likernôch goed 3.000 ynwenners.

Fan 1818 oant 1954 wie Oudenrijn in selsstannige gemeente.[1] De eastgrins fan dy gemeente lei ynearsten tichteby it Merwedekanaal. Nei de Twadde Wrâldkriich, yn it ramt fan de wenningneed woe de gemeente Utert tige útwreidzje en woe ûnder oaren de wyk Kanaleneiland bouwe dy't doetiids foar it grutste part op grûngebiet fan Oudenrijn lei. De eastgrins fan Oudenrijn waard ferpleatst op dêr't hjoed-de-dei de A2 rint. Oer it oerbliuwende part fan de gemeente waard fan tocht dat dy te lyts wie om fuort bestean te bliuwen en waard oan de nije gemeente Vleuten-De Meern tafoege.

Yn de 1960-er jierren waarden der 1200 nije wenten boud, dêr't likernôch de helte fan yn Oudenrijn boud waard. Ek op it grûngebiet fan Oudenrijn ûntjoech him it bedriuweterrein Strijkviertel tige fluch omreden er tichteby de A2 en A12 leit. Yn 2001 waard dy omneamd ta bedriuweterrein Oudenrijn. Ek dat jiers waard de gemeente Vleuten-De Meern troch de gemeente Utert anneksearre en dus falt Oudernijn no folslein ûnder de gemeente Utert.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

Fan 1859 oant 1940 wie de Us Leaffrou ta Himelopnimmingstsjerke yn Oudenrijn fêstige. De parochy dêre ferhuze yn 1940 nei in grutter tsjerkegebou yn it sintrum fan De Meern. Dêrnei waard it eardere tsjerkegebou yn Oudenrijn ferkocht oan it Hollandia Zijspan-fabryk mei de betingst dat de keaper it gebou sa feroaret dat it net mear as tsjerke werom te kennen is. sa waarden de spitsbôgefinsters oan de boppekant rjocht lutsen en de lytse tuorren oan wjerskanten fan de yngong fuorthelle. Letter kaam metaalbedriuw Metak oant 2011 yn it gebou, dêr't er guon jierren neitiids leech stie. Yn 2015 krige er in kulturele bestimming en wurdt brûkt foar teäterfoarstellings en ek wol telefyzje-útstjoerings. [2]

Berne yn Oudenrijn

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ad van der Meer en Onno Boonstra, Repertorium van Nederlandse gemeenten, KNAW, 2011.
  2. Janjaap Luijt, Van Vicus tot Vinex, (Utert: Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens, 2011), siden 132 en 189
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oudenrijn, Utrecht fan Wikimedia Commons.
  Wiken en doarpen yn de gemeente Utert  
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
  ·   ·