Hoograven
Hoograven is in buert yn de Nederlânske stêd Utert. De buert bestiet offisjeel út de twa buerten Oud Hoograven en Nieuw Hoograven dy't part binne fan de Utertske wyk Súd. Hoograven wurdt begrinzge troch de Vaartse Rijn en Merwedekanaal yn it westen, de wyk Tolsteeg yn it noarden, de Waterlinieweg yn it easten en de A12 yn it suden.
Hoograven | ||
[[Ofbyld: |264px|Lokaasje fan de wiken Oud Hoograven en Nieuw Hoograven yn de gemeente Utert]] | ||
Lokaasje fan de wiken Oud Hoograven en Nieuw Hoograven yn de gemeente Utert | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Plak | Utert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.376 (2006)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 3523, 3525 | |
Koördinaten | 52° 4' NB, 5° 7' EL |
Skiednis
bewurkje seksjeIere skiednis
bewurkje seksjeTusken 950 en 1122 waard it fean yn it gebiet fan it hjoeddeistige Hoograven oanmakke. It part "raven" yn de namme ferwiist mooglik nei it rûge fean yn it gebiet. De polder Hoograven lei ferlike ta de polder Laagraven, dy't súdlik fan Hoograven lei, heger. Westlik dêrfan waard de polder Westraven oanmakke. Dy polders waarden lânbougrûn. Yn 1645 waard it gebiet oan de stêd Utert ferkocht.
Oud Hoograven
bewurkje seksjeOan de Vaartse Rijn waarden fabriken boud en dêrnjonken likernôch 200 arbeiderswenten. Yn de Frânske tiid waard de polder by de gemeente Jutphaas yndield. Nei de yndustrialisaasje wie der ferlet fan mear wentebou. Troch de Nije Hollânske Wetterliny, dy't tusken 1822 en 1826 boud waard, ferbea de Kringewet fan 1853 bou fan wenten te ticht by de ferdigeningswurken. Dat betsjutte dat eastlik en súdeastlik fan de stêd net boud wurde koe. Dêrom moast socht wurde nei oare lokaasjes. De polder Hoograven yn de gemeente Jutphaas wie in gaadlike lokaasje foar nije wentebou. Doe't it Merwedekanaal yn 1892 groeven waard, skate dat de polder fan de rest fan it grûngebiet fan Jutphaas ôf. Troch it letter te graven Amsterdam-Rynkanaal soe dy skieding allinnich mar grutter wurde. Yn de 1930-er jierren waarden der krapoan 1500 wenten boud yn lange bebouwingsstripen parallel oan de Vaartse Ryn. De gemeente Jutphaas koe it ynearsten lykwols tefoaren komme krije dat it gebiet troch Utert anneksearre waard.
Nieuw Hoograven
bewurkje seksjeYn it ramt fan de wenningneed, dy't yn Nederlân nei de Twadde Wrâldkriich ûntstie, wie der in ferlet fan in soad bouromte. Yn 1954 anneksearre de gemeente Utert lang om let de gânse polder Hoograven fan de gemeente Jutphaas, allyk grutte hompen lân fan de gemeenten Houten, De Bilt, Maartensdijk, Zuilen en Oudenrijn. Der wiene plannen foar grutskalige wentebou yn de foarm fan benammen heechbou. Yn de 1960-er jierren waarden sokke wiken as Overvecht, Kanaleneiland en Nieuw Hoograven boud. Dy wiken waarden rom opset mei flatbebouwing en in soad grien der tusken yn. Nieuw Hoograven ferskilde dus neffens opbou tige fan de eardere Jutphaaske wyk Oud Hoograven. In stikmannich wenten yn Nieuw Hoograven waarden ûntwurpen troch arsjitekt Gerrit Rietveld.
Yn de 1990-er jierren waard de wyk opkalefatere yn it ramt fan de stedsfernijing yn Utert.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Loftfoto fan Hoograven yn 1944
-
Julianaweg yn Oud Hoograven
-
Hoogravenseweg yn Oud Hoograven
-
Hoograven fan it Merwedekanaal ôf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hoograven fan Wikimedia Commons. |
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert | ||
---|---|---|
Wiken: Binnenstêd • East (De Uithof) • Leidsche Rijn • West • Overvecht • Súd (Hoograven • Lunetten • Tolsteeg en Rotsoord) • Noardeast • Súdwest (Kanaleneiland) • Noardwest (Zuilen) • Vleuten-De Meern (Rijnenburg) | ||
Doarpen: Haarzuilens • De Meern • Vleuten | ||
Buorskippen: Alendorp • Oudenrijn | ||
· · |