Vleuten is in doarp yn it westlike part fan de Nederlânske gemeente Utert en is part fan de Utertske wyk Vleuten-De Meern. It doarp hat 26.458 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2019). Oant 2001 wie Vleuten it haadplak fan de doe ophefte gemeente Vleuten-De Meern dy't ek de doarpen De Meern en Haarzuilens befette, en dy't doe troch de gemeente Utert anneksearre waard. Vleuten hie doe likernôch 8.000 ynwenners. Mei it nijbouprojekt Leidsche Rijn waard yn de 1990-er jierren úteinset. Dat projekt besloech grûngebiet yn beide gemeenten. Nei de anneksaasje waard Leidsche Rijn in selsstannige Utertske wyk en it oerbliuwende part fan de eardere gemeente Vleuten-De Meern waard de wyk Vleuten-De Meern. Troch it nijbouprojekt woeksen de kearnen Vleuten en De Meern ek tige.

Vleuten
Alde Sint-Willibrord of Toerpleintsjerke
Alde Sint-Willibrord of Toerpleintsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Sifers
Ynwennertal 26.458 (2019)[1]
Oar
Postkoade 3450, 3451, 3452
Koördinaten 52° 6' NB, 5° 1' EL
Offisjele webside
https://www.utrecht.nl/vleuten-de-meern/
Lokaasje fan Vleuten yn de gemeente Utert
Vleutense wetering yn Vleuten

Yn 1164 waard Vleuten foar it earst yn in oarkonde neamd. Yn 1224 wurdt der, nei in útspraak tusken de proast en it kapittel fan Aldmúnster yn Utert, neamd dat der in tsjerke yn Vleuten stiet. It kapittel fan Aldmúnster hie it patronaatsrjocht fan de tsjerke yn Vleuten. De tsjerke wie wijd oan Willibrord, dus der moast nei alle gedachten al in skoft in tsjerke yn Vleuten stien hawwe.[2]

It gerjocht Vleuten en De Meern waard besit fan de proasdij fan Aldmúnster. Nei de Bataafske Revolúsje yn 1795 kaam der in ein oan it bestjoer troch gerjochten. Op 1 jannewaris 1812 waarden de eardere gerjochten Vleuten en De Meern, De Haar en Themaat gearfoege ta ien gemeente Vleuten, dêr't yn 1818 de gemeente Haarzuilens fan ôfspjalte. Dy gemeente bestie oant [[1953] út de himrikken Vleuten en Haarzuilens en it part fan De Meern noardlik fan de Leienske Ryn.

Vleuten ûntjoech him om de midsiuwske doarptsjerke, de hjoeddeistige Toerpleintsjerke as Alde Sint-Willibrordtsjerke. Om [1800]] hinne ûntstie in beboude kom oan de diken dy't dêr gearrûnen. Sûnt 1900 ûntstie bebouwing justjes súdeastlik dêr't de nije roomsk-katolike Sint-Willibrordtsjerke boud waard. Yn 1881 waard in stasjon boud op it spoar fan Utert nei Rotterdam. Stasjon Vleuten waard yn 2007 300 meter nei it westen ta ferpleatst.

Om Vleuten hinne fêstigen harren in soad túnkers. In part dêrfan kamen fan Utert dy't omreden stedsútwreiding fuortgean moasten. Guon oaren kamen fan it Westlân. Troch it kommen fan dy túnkers waard Vleuten in sintrum fan de túnbou, lykas in túnbouskoalle en in blommefeiling. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der in soad nijbou by yn Vleuten en benammen nei't de gemeente Vleuten-De Meern yn 1954 foarme waard. Vleuten feroare fan in lânlik doarp ta in plak njonken boeren en túnkers ek in soad forinzen. Yn de 1990-er jierren waard mei it nijbouprojekt Leidsche Rijn úteinset. Dat projekt lei ynearsten yn de twa gemeenten Utert en Vleuten-De Meern. Yn 2001 waard Vleuten-De Meern troch de gemeente Utert anneksearre. It gebiet fan de Leidsche Rijn waard de Utertske wyk Leidsche Rijn en it oerbliuwende part fan de Vleuten-De Meern waard de wyk Vleuten-De Meern. Om't der in soad tsjinstân yn Vleuten en De Meern wie tsjin de anneksaasje troch Utert, besleat de nij keazen gemeenterie fan Utert de ynwenners fan de doarpen temjitte te kommen troch de doarpen Vleuten, De Meern en Haarzuilens as offisjele kearnen fuort bestean te litten. Vleuten woeks fan likernôch 8.000 ynwenners yn 1999 út ta in plak fan goed 26.000 ynwenners yn 2020.

Yn it gebiet tusken Vleuten, De Meern en Leidsche Rijn is it Máximapark, dêr't de buorskip Alendorp yn leit dy't ûnder Vleuten falt. Noardlik fan Vleuten leit de Haarrijnse Plas en oan de noardwestkant is it lângoed Haarzuilens fan Natuermonuminten mei it Kastiel De Haar. In âld tsjerkepaad dêre ferbynt Haarzuilens mei de tsjerke fan Vleutenn.

Buertyndieling

bewurkje seksje

Vleuten bestiet út de folgjende buerten:

  • Alde kearn fan Vleuten
  • Vleuterweide
  • Máximapark mei de buorskip Alendorp
  • Haarrijn, it noardlike bûtengebiet fan Vleuten

It Besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Protestantske Toerplein of Alde Sint-Willibrordtsjerke
  • Roomsk-katolike Sint-Willibrordtsjerke fan 1884
  • It eardere gemeentehûs, hjoed-de-dei in wykburo
  • 13e iuwske toer fan de âlde stins Den Ham oan de âlde dyk nei Harmelen
  • 18e iuwske pleats Vleuterweide yn it uterste súdeasten fan de wyk Vleuterweide

Berne yn Vleuten

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Janjaap Luijt, Van Vicus tot Vinex, (Utert: Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens, 2011), side 187
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vleuten fan Wikimedia Commons.
  Wiken en doarpen yn de gemeente Utert  
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
  ·   ·